SC Hearrenfean mei deselde alve yn bekerwedstriid tsjin Feyenoord

13 feb 2020 - 20:26

Sportklup Hearrenfean-trainer Johnny Jansen feroaret neat oan de opstelling foar de bekerwedstriid tsjin Feyenoord. Deselde alve spilers as yn de lêste wedstriid tsjin VVV Venlo stean op it fjild. Hearrenfean spilet tongersdei om 20.45 oere tsjin Feyenoord.

Trainer Johnny Jansen:

"Hij heeft vijf weken stil gestaan en hij is daardoor nog niet top fit", seit trainer Johnny Jansen oer Runar Espejord. De spits kaam út Noarwegen by Tromsø wei en dy kompetysje einige yn desimber. "Dat betekent dat hij nu eigenlijk als het ware in de voorbereiding van het seizoen zit. Normaal gesproken heb je 6/7 weken nodig om je voor te bereiden op het seizoen. In die fase zit hij nu."

Dêrtroch spilet Odgaard en net Espejord. "Hij kan gewoon nog geen hele wedstrijd spelen. Dat willen we wel, maar dat is niet fair om van hem te verwachten. Dat mogen we niet van hem verwachten."

Espejord miste tsjin Willem II in penalty en wie noch net sa gelokkich by in pear grutte kânsen. "Maar dat maakt mij niet uit. We mogen hem pas beoordelen als hij echt fit is."

Van Rhijn gewoan wer yn de basis; ek gjin Hajal

Ek yn de ferdigening feroaret er neat. Ek net op de rjochtsbackposysje, dêr't Ricardo van Rhijn spilet. "Hij is gewoon een prima back. Hij speelt de laatste tijd wat vlak. Hij heeft zelf ook wel zoiets van "verdomme, ik kan beter". Maar ik heb niet overwogen daar wat aan te veranderen. Sherel (Floranus) op Berghuis lijkt ons bijvoorbeeld een goeie keuze. Berghuis gaat zwerven en Sherel kan hem daar in vastbijten."

Ek op it middenfjild feroaret Jansen neat. Dus spylje Joey Veerman, Hicham Faik en Rodney Kongolo. "We hebben daar wel heel erg over nagedacht. Hajal ontwikkelt zich bijvoorbeeld erg goed. Maar ik verwacht dat het een vechtwedstrijd wordt. Dan hebben we deze jongens nodig."

Mitchell van Bergen:

Van Bergen: "Mindere fase, maar niet minder voetbal"

Mitchell van Bergen hat sin oan it duel mei Feyenoord. "Dit zijn toch potjes waar je naar uitkijkt. Straks sta je in de halve finale man. Dat zou wel fantastisch zijn."

Hearrenfean hat nei de winterstop in mindere faze. Se wûnen allinnich nei penalty's fan Willem II, mar ferlearen fan Fortuna Sittard, Feyenoord en AZ. Tsjin VVV Venlo pakten se in punt. "Maar toch spelen we niet slecht. We geven de goals ongelukkig weg. Dat is het verschil met de wedstrijden van voor de winterstop. Als we dat voorkomen, heb ik er wel vertrouwen in tegen Feyenoord."

Opstelling: Bednarek; Van Rhijn, Dresevic, Botman, Floranus; Faik, Kongolo, Veerman; Van Bergen, Odgaard en Ejuke.

De wedstriid begjint tongersdeitejûn om 20.45 oere en is live te folgjen op Omrop Fryslân radio mei kommentaar fan Roelof de Vries.

(advertinsje)
(advertinsje)