Frou (90) bestellen yn Wolvegea

14 nov 2011 - 11:18

De plysje siket tsjûgen fan it bestellen fan in 90-jierrige frou út Wolvegea. Sy waard sneontemiddei yn de Van Harenstrjitte yn har wenplak oansprutsen waard troch in man dy't har in reklamefolder oanbea. In twadde man helle ûnderwilens de beurs út har tas wei.

Yn de beurs siet ûnder oare in pinpas. It is de dieders slagge dêrmei jild fan de rekken fan de frou ôf te heljen. De plysje hopet no mei tips de dieders pakke te kinnen.

Trefwurden: 
Wolvegea bestelle beurs
(advertinsje)