Cyberspesjalist NHL Stenden: "100 procent dichttimmeren kun je het nooit"

Dat kompjûterkriminelen losjild easkje nei in digitale ynbraak, komt faker foar as wy yn de gaten hawwe. Dat seit Wouter Stol, lektor Cybersafety oan hegeskoalle NHL Stenden yn Ljouwert.
© Omrop Fryslân
Stol seit dat nei oanlieding fan it nijs dat it ûndersyksynstitút Wetsus in ûnbekend bedrach betelle hat oan kriminelen dy't it kompjûtersysteem platlein hiene.

It liket derop dat it hieltyd faker foarkomt, om't it hieltyd faker yn it nijs is, mar sa is it net, seit Stol. "We horen er meer over omdat het onderwerp bespreekbaarder is, zoals Wetsus het nu ook in de openbaarheid en onder de aandacht brengt."
Neffens him is altyd wol in gatsje te finen. "Of in de software of dat er een menselijke fout is, dat een medewerker een foutje maakt, zo kan er ook een datalek ontstaan."
Hy seit dat der twa typen hackers binne. "Hackers die op criminele wijze geld willen verdienen en hackers die er hun hobby of werk van hebben gemaakt en geïnteresseerd zijn in computerveiligheid."
"Je kunt maatregelen nemen op technisch gebied en op menselijk vlak, maar honderd procent dichttimmeren kun je het nooit. Bovendien, zulke maatregels kosten ook geld en het betekent ook dat je de vrijheid van je medewerkers inperkt, het is zoeken naar een balans."
By NHL Stenden tinke se ek om de digitale feilichheid. "Maar ik zal niet beweren dat het bij ons nooit kan voorkomen."
Wouter Stol fan NHL Stenden
Der is sprake fan ransomware wannear't de kompjûter 'op slot' stiet en der betelle wurde moat om de kompjûter fan 't slot te heljen. Dat kin bygelyks komme trochdat der in e-mail iepene is mei ransomware deryn. Dêrnei ferspreidt it him yn de pc en smyt it alles yn in saneamde klûs en dêrnei giet dy klûs op slot. De brûker kriget nei it beteljen fan in bedrach wer tagong ta de bestannen. Faak giet it dan om Bitcoins.