Undersyk nei miljoenefraude: "Mooi weer spelen met andermans geld"

12 feb 2020 - 16:06

De twa mannen dy't yn novimber foarich jier oanhâlden binne troch de FIOD hawwe it jild dat se ophelle ha mei oplichting en wytwaskjen, benammen útjûn oan lúkseguod en fakânsjes. "Mooi weer spelen met andermans geld", neamt ûndersyksburo Financial Intelligence Unit it. It buro (FIU) docht ûndersyk yn opdracht fan it Iepenbier Ministearje.

Foto: FIOD

De FIOD (Fiscale Inlichtingen- en Opsporingsdienst) berekkene dat de fertochten 3 miljoen euro oan ynvestearringen ophelle hawwe, dêr't yntusken 2 miljoen euro fan útjûn is oan lúkse produkten en fakânsjes. It ûndersyk is noch net klear.

Ynfallen op De Jouwer

De FIOD die foarich jier ynfallen yn in bedriuw op De Jouwer en by ferskate wenningen yn it lân. Fan de trije fertochten binne twa mannen, in Grinzer en in Snitser, oanhâlden. De tredde fertochte siet al finzen foar in oar misdriuw. De mannen wurde fertocht fan oplichting en wytwaskjen. By de ynfal binne in wenning, meardere auto's en administraasje yn beslach naam.

It ûndersyk begûn nei oanlieding fan in analyze fan de FIU. Sy ûntdutsen dat ien fan de fertochten goed 2,3 miljoen euro fan de bankrekken fan in bedriuw nei syn priveerekken oermakke hie.

Trefwurden: 
De Jouwer FIOD fraude
(advertinsje)
(advertinsje)