Testrit trein sûnder masinist suksesfol ferrûn: "Het was wel spannend"

12 feb 2020 - 15:57

De earste testrit fan Arriva mei in trein sûnder masinist en mei reizgers is woansdeitemoarn slagge. De trein ried fan Grins nei Súdhorn en werom. Fan tongersdei oant moandei binne der noch mear testritten. Dan op it trajekt tusken Grins en Bûtenpost.

Neffens Milfred Hart, regiodirekteur fan Arriva Nederlân, is de test slagge. "Het is vanochtend hartstikke goed verlopen. Het was natuurlijk toch wel een beetje spannend", sa seit Hart.

It wie de earste kear dat der op it Europeeske fêste lân in test dien is mei in automatyske trein ynklusyf passazjiers. "We hebben een stukje gereden zonder ATO en een stukje met ATO. Eigenlijk merkten we niet zoveel verschil en dat is misschien wel het goede nieuws daarvan."

De automatyske trein moat it probleem fan de hieltyd tanimmende reizgersgroei oplosse."Het is natuurlijk druk op het spoor en de capaciteit is beperkt. Je kunt niet onbeperkt infrastructuur aanleggen en dit is één van de manieren waarop we treinen als het goed is wat korter op elkaar kunnen laten rijden, waardoor we capaciteit winnen waarmee we de toekomstige reizigersgroei kunnen opvangen. Als het goed is gaat het ons een klein beetje helpen om energiezuiniger te rijden", seit Hart.

Foto: ProRail

Ien 'gewoane' passazjier

Yn de trein sieten woansdeitemoarn foaral pommeranten en wurknimmers van Arriva en ProRail. Der wiene ek fiif 'gewoane' reizigers útnûge, mar der kaam der mar ien opdaagjen: Henk Puts fan Grins. Fûn hy it spannend om sûnder masinist yn de trein te sitten? "Spannend niet, maar wel leuk. Ik was gewoon heel benieuwd hoe de trein zou rijden. Ik verwachtte dat het heel gewoon zou zijn, maar dat er wel heel veel mensen in de trein zouden zitten die het spannend vinden. Het is voor de technici iets heel bijzonders, veel bijzonderder dan voor mij", sei Puts.

It liket noch wol efkes te duorjen foardat oare minsken ek yn treinen sûnder masinist oer it spoar ride, tinkt Hart. "Dat is echt toekomstmuziek is. Dat is nog heel ver bij ons vandaan. In deze ATO-fase die we nu doen, is een machinist nog steeds eindverantwoordelijk voor wat er gebeurt met de trein. Ik denk dat dat ook nog heel lang zo zal blijven, zeker gezien de opbouw van onze spoor-infrastructuur in Nederland."

Ferslachjouwer Lars de Leeuw

Trefwurden: 
test trein Arriva masinist
(advertinsje)
(advertinsje)