Transfer fan Hakim Ziyech smyt SC Hearrenfean miljoenen op

De transfer fan Hakim Ziyech fan Ajax nei it Ingelske Chelsea is ek goed foar de kas fan SC Hearrenfean. Omdat Ziyech fan syn 11de oant syn 21ste jier by SC Hearrenfean fuotballe hat, hat de klup rjocht op in saneamde 'solidariteitsvergoeding', yn dit gefal giet dat om sa'n 1,83 miljoen euro.
© www.orange-pictures.nl
Hakim Ziyech is dwaande mei syn lêste moannen as spiler fan Ajax. De 26-jierrige middenfjilder sil ynkoarten in kontrakt tekenje by it Ingelske Chelsea. Der is al in akkoart tusken beide klups wêrby't Ajax in transfersom ûntfangt fan sa'n 45 miljoen euro en dat bedrach kin noch oprinne mei eventuele boanussen.
In 'solidariteitsvergoeding' is fiif persint fan de totale transfersom, ferdield oer de klups dêr't de spiler fan syn 12de oant syn 23ste fuotballe hat. Omdat Ziyech oant syn 21ste by SC Hearrenfean fuotballe, krijt Hearrenfean it grutste bedrach. Ek FC Twente krijt noch in lytse fergoeding. By de Friezen liet trainer Marco van Basten him yn 2012 debutearje.