Lichem oantroffen yn wetter yn De Westereen

12 feb 2020 - 15:25

Yn it wetter de Swemmer oan it Sennaerspaad yn De Westereen is in dea persoan oantroffen. De helptsjinsten binne dwaande mei ûndersyk. De traumahelikopter wie oproppen, mar is wer ôfsein.

Foto: De Vries Media

Plysje docht ûndersyk nei de identiteit fan de persoan. De omjouwing is ôfset.

It lichem is út it wetter helle en nei it sikehûs brocht foar ûndersyk. De identiteit fan it slachtoffer moat noch fêststeld wurde.

Trefwurden: 
plysje De Westereen lichem
(advertinsje)
(advertinsje)