Stoarm drukt belangstelling Boot Holland

12 feb 2020 - 15:14

De stoarm hat dit wykein soarge foar minder besikers by de grutte boatebeurs Boot Holland yn it WTC-Expo yn Ljouwert. De teller bleau stean by 26.000 besikers. Dat binne in goeie 4.000 minder as ferline jier.

Foto: Omrop Fryslân

De organisaasje fynt dat spitich, mar seit wol dat der in protte nije besikers west hawwe, dy't oars net kamen. Fierder kaam acht persint fan de besikers fan Boot Holland út it bûtenlân. Dêrom hawwe de standhâlders dochs goede saken dien, sa seit de organisaasje.

Takom jier is de 31ste edysje fan Boot Holland. Dy is dan fan 12 oant en mei 16 febrewaris. Dat is in wike letter as dit jier. Dat dogge se om't de grutte beurs Boot Düsseldorf ek in wike opskood is.

(advertinsje)
(advertinsje)