Snitswike wer ynkoarte nei in wike: "Te grutte belêsting foar de stêd"

De Snitswike giet definityf werom nei sân dagen. Dat hat de gemeente Súdwest-Fryslân offisjeel bepaald. Dêrmei komme de feestlikheden yn de jûnsoeren it twadde wykein fan de Snitswike te ferfallen en rint it programma gelyk op mei de sylwedstriden op de Snitsermar.
Garden of Dance mei de Snitswike, noch yn de stedhûstún yn Snits © Omrop Fryslân, Sian Wierda
Oerdei bliuwt yn it twadde wykein noch wol romte foar festiviteiten, lykas in strjitfestival en it tradisjonele konsert yn de grêften. It weromdraaien fan it oantal dagen fan de Snitswike hat te meitsjen mei it beheinen fan de lûdsoerlêst fan de bewenners fan de binnenstêd fan Snits. Der is al in skoft diskusje oer de lingte fan de Snitswike.
De Snitswike is dit jier fan 31 july oant en mei 6 augustus.
© Omrop Fryslân, René Koster

Boargemaster: "It hjit ek Snitswike, wy dogge de namme no wer eare oan"

Boargemaster Jannewietske de Vries fan Súdwest-Fryslân seit dat it beslút komt út de eveluaasje fan ôfrûne jier: "Foar de kommende edysje wolle je in balâns bringe yn belangen fan de ûndernimmers, de feestfierders, de silers en de omwenners. Doe seine wy: wy geane nei in wike werom. It hjit ek Snitswike, wy dogge de namme no wer eare oan."
Yn 2019 wie der in soad te dwaan om Garden of Dance. Dat wie it feest dat earder eltse dei yn de Stedhûstún holden waard, mar in nij plak nedich hie en nei goed wat opskuor lang om let net trochgie. De Vries: "Doe seagen je dat de tsjinstellingen yn de stêd grutter waarden. In groep hie syn nocht fan de lange Snitswike en in oare groep sei dit kin noch wol efkes. Mar wy hawwe ek sjoen nei de belangen fan de omwenners, de minsken dy't de dei dêrnei wer nei it wurk moatte. En dan is tsien dagen in hiele belêsting. Wy hawwe ek sjoen nei de kapasiteit fan de plysje en de helpferlieningstsjinsten, dêr sit ek in grins oan. Dus wy hawwe it hiele fjild besjoen en tocht: it is tûk om nei in wike werom te gean."
Neffens de boargemaster hawwe ûndernimmers harren wol op dit beslút tariede kinnen. "Eltsenien seach dit wol oankommen, yn it neijier is hjir ek oer sprutsen. Der binne mear eveneminten dêr't ûndernimmers op ynspylje kinne."
Boargemaster Jannewietske de Vries oer de Snitswike