Tsjinstanners gaswinning skriuwe oerheid yn it Frysk; dat mei offisjeel net

12 feb 2020 - 14:32

Tsjinstanners fan de gaswinning yn Smellingerlân moatte foar de twadde kear in brief skriuwe nei it ministearje fan Ekonomyske Saken om har beswieren kenber te meitsjen. De earste kear diene se dat yn it Frysk en dat mei offisjeel net.

De brieveskriuwers binne dêr fernuvere oer om't it Frysk ien fan de twa Rykstalen is. Neffens de wet kinne je lykwols allinnich yn it Frysk kommunisearje mei in oerheidsynstânsje as se ek echt yn Fryslân fêstige binne. En dus moatte de brieveskriuwers nochris yn de pinne klimme. En dit kear yn it Nederlânsk.

Foto: ANP

Wietze Woudstra fan Pleatslik Belang Smelle Ie en De Wylgen fynt dat spitich, want se kinne harren beswieren it bêste kwyt yn de eigen taal. "It rekket ús eigen omjouwing, ús eigen thús. En as je dêr wat oer sizze komt dat hiel tichtby en dat dogge je dan graach yn je eigen taal."

Yn it antwurd dat it ministearje stjoerd hat oan de brieveskriuwers stiet: "Indien u geen vertaling van uw zienswijze aanlevert, kan het zijn dat wij de inhoudelijke punten van uw zienswijze niet goed kunnen meenemen in de overweging van het besluit."

Woudstra fynt dat noch kreas. Neffens him betsjut dat dat se yn alle gefallen harren bêst dwaan sille om it Frysk te lêzen, wylst dat offisjeel net hoecht. Dochs sille se ek noch in brief yn it Nederlânsk stjoere.

Reaksje ministearje Ekonomyske Saken op Friestalich beswier tsjin gaswinning - Foto: Ministearje Ekonomyske Saken
Trefwurden: 
Frysk gaswinning oerheid
(advertinsje)
(advertinsje)