Nynke de Jong oer sukses DWDD: "Hege en lege kultuer op luchtige wize bringe"

12 feb 2020 - 14:23

It populêre telefyzjeprogramma De Wereld Draait Door hâldt nei 15 jier oan de ein fan dit seizoen op. Presintator Matthijs van Nieuwkerk wol wat oars dwaan. Foar in soad minsken is DWDD in fêst ûnderdiel yn it deistige ritme. De Fryske kollumniste en skriuwster Nynke de Jong wie in skoft 'tafeldame' by it programma. Wat sjocht sy as de krêft fan it programma?

Foto: www.lanfantaal.nl

"Ik ha net gûld hear, doe't ik it nijs hearde. It siet der al in skoftke oan te kommen. Hy hie ommers al in kear sein dat it 15e seizoen in moai momint wêze soe om op te hâlden", seit Nynke de Jong.

Neffens har is de impact fan it programma wol grut. "Ik tink net datst dat ûnderskatte moatst en datst pas oer in pear jier sizze kinst dat it in baanbrekkend programma wie. It hat hiel belangryk west foar de literatuer en nije muzyk, se ha ek net-populêre kultuer lykas opera en klassike muzyk op in prominint plak yn it programma delset. Se ha bygelyks in stik fan John Cage, dat bestiet út goed fjouwer minuten stilte, opfiere litten, wa docht no soks? Krekt De Wereld Draait Door."

Tafeldame

Se hat oardel seizoen tafeldame west. "It wie te gek om derby te hearren. Ast op dy kruk sitst, bist dy der hiel bewust fan dat der in miljoen minsken nei sjogge. Dan moatst yn twa minuten dyn ferhaal dwaan, dat is echt wurkjen ûnder heechspanning hear, mar dat fyn ik leuk. Ik ha ek in soad leard oer it meitsjen fan telefyzje. It is echt topsport ast sjochst hoe't Matthijs wurket, rap praat en skeakelet. Dat moatst net ûnderskatte, moatst elke dei skerp wêze. Ast it in kear net goed dochst, is der fuort krityk. Hy draacht echt it programma."

Wat sjocht sy as de grutte krêft fan it programma? "Se bringe hege en lege kultuer by elkoar en dogge dat op in luchtige wize en litte minsken sa yn de kunde komme mei saken dêr't se miskien earder gjin weet fan hienen. Sa ha se bygelyks ien seizoen it oeuvre fan Willem Wilmink sintraal set, net omdat dat hip is, mar omdat de redaksje dat moai fynt. Sa komme allegear minsken dêrmei yn kontakt. Dêr genietsje ik fan, dan binne se op har sterkst."

Neffens De Jong komt der grif wat oars foar werom. "Der binne genôch talinten."

Nynke de Jong

Foto: ANP
(advertinsje)
(advertinsje)