Oaljeplak yn de Willemshaven fan Harns

12 feb 2020 - 13:52

Yn it wetter fan de Willemshaven yn Harns lei woansdeitemiddei in oaljeplak. De fersmoarging bestie út hûnderten liters gasoalje. Rykswettersteat hat in oannimmer de opdracht jûn om it op te romjen.

Foto: Rykswettersteat

Oan de ein fan de middei wie de oalje foar it grutste part opromme. De lêste resten oalje wurden mei heechwetter troch in saneamde 'olieboom' opnaam.

Gasoalje wurdt brûkt foar it stoken fan skippen. Neffens Rykswettersteat komt de oalje fan in skip dat yn de haven leit. Meiwurkers fan hanthavening sykje út om't watfoar skip oft it giet.

(advertinsje)
(advertinsje)