Elkoar it jawurd jaan yn it Frjentsjertersk? Dat kin tenei yn Waadhoeke

Fan freed ôf is it mooglik om te trouwen yn it Frjentsjertersk. Yn de gemeente Waadhoeke wie it al mooglik om te trouwen yn it Frysk, Nederlânsk en it Biltsk, mar dêr komt no in fjirde taal by.
© Shutterstock
Hjirmei is de gemeente Waadhoeke de earste gemeente dêr't yn it Frjentsjertersk troud wurde kin. De gemeente is der grutsk op in meartalige gemeente te wêzen. Net allinnich wurde de offisjele rykstalen brûkt, mar ek it Biltsk en it Frjentsjertersk binne talen dêr't de gemeente graach omtinken foar hat.
De gemeente wurket mei in tal partijen gear oan de sichtberens fan de fjouwer talen. Dêrfoar hat sy in taalplatfoarm ynsteld, dat likernôch twa kear yn it jier byinoar komt. Yn de lêste gearkomst kaam it idee nei foaren om it trouwen yn it Frjentsjertersk mooglik te meitsjen.

Frjentsjerter trouboekje

De ôfdieling boargersaken gie dêrnei nei de trou-ambtners, wêrfan't der trije Frjentsjertersk prate. Sy wie entûsjast om it ek yn it Frjentsjertersk oan te bieden. Der komt noch in Frjentsjerter trouboekje. Dizze wurdt oerset troch it 'Genoatskap foar ut Behoud fan ut Franekers' en leit op dit stuit by de drukker.
Wethâlder Jan Dijkstra fan de gemeente Waadhoeke makket him der gjin soargen oer oft minsken yn oare parten fan Nederlân it trouboekje wol begripe sille. "It giet om sa'n lyts stikje tekst, en it Frjentsjertersk liket in soad op it Nederlânsk."
Alle minsken dy't harren trouwerij al pland hawwe by de gemeente, mar no ek leaver yn it Frjentsjertersk trouwe wolle, kinne harren melde by de ôfdieling boargersaken.
Wethâlder Jan Dijkstra fan Waadhoeke
It taalplatfoarm fan de gemeente Waadhoeke bestiet út Stichting Bildts Aigene & Kemissy Meertalighyd, Afûk, Provinsje Fryslân, NHL/Stenden, Europeesk Buro foar Lytse Talen (EBLT), Biblioteken Noord Fryslân (BNF), GGD Fryslân, Stichting Mearslach, Genoatskap foar ut Behoud fan ut Franekers en Jongerein Advysrie.