Provinsje wol krúspunt yn Hallum oanpakke

12 feb 2020 - 11:42

It krúspunt fan de provinsjale dyk mei de Doniawei yn Hallum giet op 'e skeppe. Dit jier al wurdt begûn mei de tarieding fan it wurk. Ynwenners fan Hallum pleitsje al in skoft foar in feiliger krúspunt, foar sawol fytsers as automobilisten.

De krusing fan de N357 mei de Doniawei by Hallum - Foto: Google Street View

It wurk oan it krúspunt sels begjint nei alle gedachten net earder as takom jier. Provinsjale Steaten moatte noch wol ynstimme mei de oanpak fan it krúspunt. Yn de rin fan dit jier moat dúdlik wurde wat der krekt feroare wurde sil oan it ferkearspunt.

Trefwurden: 
Hallum krúspunt
(advertinsje)
(advertinsje)