Boargemaster Van Gent: "De discussie over de vaarroute staat weer op de agenda"

12 feb 2020 - 10:45

Goed in jier nei de kontenerramp mei de MSC Zoe hat in skip wer konteners ferlern boppe de Waadeilannen. In kontenerskip ûnderweis fan Finlân nei Rotterdam ferlear tiisdei fiif konteners, 43 kilometer boppe It Amelân. En yn de nacht nei woansdei kamen dêr nochris twa by dy't boppe Skylge yn see kamen.

Foto: ANP

"Je houdt af en toe je hart vast als het heel hard gaat waaien", fertelt boargemaster Ineke van Gent fan Skiermûntseach. De Kustwacht hâldt de sitewaasje goed yn de gaten. "Voor ons is de lading van belang om te weten. Het lijkt nu papier en karton te zijn, maar dat is nog niet officieel bevestigd."

Diskusje op 'e aginda

Neffens har stiet de diskusje oer it brûken fan de súdlike rûte no wol wer op de aginda. "De Onderzoeksraad voor de Veiligheid heeft gezegd die route niet te gebruiken bij zeer zware weersomstandigheden, omdat het teveel risico geeft. Het lijkt nu allemaal mee te vallen, maar je moet op het ergste voorbereid zijn." Se is wiis mei de Keamerfragen dy't ChristenUnie, D66 en GrienLinks no oan de minister steld hawwe.

Boargemaster Ineke van Gent

Skippen yn Nederlân wurde troch de Kustwacht warskôge, mar dit skip wie net warskôge. "Het schip was te licht voor deze waarschuwing en kwam bovendien uit Finland, dan wordt er helemaal geen waarschuwing gegeven. Dus er moeten ook afspraken komen in Europees verband, dat niet alleen schepen vanuit Nederland die waarschuwing krijgen, maar ook andersom."

(advertinsje)
(advertinsje)