Earste treinrit Arriva sûnder masinist, mar mei reizgers

12 feb 2020 - 08:45

Ferfierder Arriva sil woansdei de earste testrit útfiere mei in trein sûnder masinist en mei reizgers. It giet hjir offisjeel om de 'Automatic Train Operation'.

Foto: ProRail

It wurdt hieltyd drokker op it spoar en dat sil neffens ferwachtingen de kommende jierren allinnich noch mar tanimme. De automatyske bestjoerde trein kin dêrby in tûke en ynnovative oplossing wêze.

Reizgers opjûn

Woansdei is de testrit foar VIPS, mar fan tongersdei ôf oant en mei moandei binne der tal fan reizgers dy't harren opjûn ha foar in testrit. De tests wurde útfierd yn gearwurking mei ProRail, de provinsje Grinslân en leveransier Stadler.

Yn earste ynstânsje soe minister Van Veldhoven fan Miljeu en Wenjen komme, mar dy lit har fertsjintwurdigje troch in amtner. De testrit sil barre tusken Grins en Zuidhorn. Dêr sil ek in koarte taspraak wêze.

Ferslachjouwer Lars de Leeuw sil mei op de testrit

Trefwurden: 
Arriva treinen masinist
(advertinsje)
(advertinsje)