Kollum: "Eiffeltoer"

"Der binne bakken fol jild útjûn om de Sintrale As nei Dokkum oan te lizzen. Likegoed seure se dêr yn de Noardeasthoeke fan Fryslân noch hieltyd. Ald geseur, want it tal toeristyske plannen dat dêr yn de rin fan de lêste 50 jier makke is, is net te tellen. Dêr gean se mar mei troch.
© Omrop Fryslân
De Toan fan Eelke Lok
Diskear wurde der yngreven winsken op tafel lein. Se wolle yn Dokkum in publykslûker fan komsa. Dan kinne de omlizzende streken fan Noardeast-Fryslân, Dantumadiel, Tytsjerksteradiel en Achtkarspelen dêrfan meiprofitearje. De útstrielingsfaktor fan Dokkum moat in soart Eiffeltoer wêze.
No is de Eiffeltoer yn Parys in produkt fan in wrâldtentoanstelling út 1889. En ik sjoch noch net dat der ynkoarten in wrâldtentoanstelling yn Dokkum komme sil. Ik soe net iens witte oft der sa no en dan noch wolris ien hâlden wurdt, de wrâld lient him op it heden seker net om tentoansteld te wurden.
De Eiffeltoer yn Parys hat yn it jier likernôch seis miljoen besikers. Dy kinne se yn Dokkum net kwyt. Mar de gemeenten roppe allegear: "as jimme dy Dokkumer Eiffeltoer sjoen ha, dan kinne jimme wol by ús te plak". Tsja, ik soe net echt witte wat Sinezen en Amerikanen yn Kollum of Bûtenpost moatte. Besiten oan de elektrisiteitssintrale yn Burgum yn gearhing mei it stjonkfabryk fan Sumar binne ek net echt hichtepunten.
Boppedat is it natuergebiet yn Noardeast-Fryslân noch wat skraal. Ek al fanwegen dy Sintrale As. Likegoed is der bêst wat moais te sjen. Tytsjerksteradiel hat sels it moaiste wat der is: de Alde Feanen. Mar dêr moatte je mei de boat hinne en de stegerkes lizze dêr al fol. En de Marrekrite wol der net mear oanlizze, want dan dogge je skea oan it lânskip.
Nasjonaal Park Lauwersmar is ek o sa moai, mar dat moat Ingelsk en is dus in Dark Sky Park wurden. Dêr kinne je gjin hân foar eagen mear sjen. Dan is der noch de Waadkust. Je kinne by de twa Sense of Place-bylden del, mar it wetterskip en Ids Willemsma wolle gjin seis miljoen lju op dy dyk omstappe litte.
Sokssawat as in Eiffeltoer yn Dokkum. Wat moatte we dêr foar betinke. Dat stiet net yn de rapporten. Der stiet inkeld yn dat se oer tsien jier 185.000 besikers mear ha wolle en 300.000 oernachtingen mear. Mar wêrom't dy lju dêr komme moatte, witte we net.
Yn Dokkum stiet in fontein. Dêr sit lykwols net folle leven yn. Dy friest inkeld mar. Je kinne der inkeld je iisko efkes fiif minuten op sette, as je pisje moatte. Yn it rapport stiet ek noch dat Dokkum it kearpunt yn de Alvestêdetocht is. Ja, oars komme je op it waad of yn Grins telâne. Mar der falt neat fan te sjen, se hawwe it klúnplak en it stimpeltintsje yn 1997 al oprêden.
Dokkum hat mar ien echt ferneamd saakje: Bonifatius is der fermoarde. Dan moatte we alle histoaryske ferhalen fan dat it ek wolris earne oars wêze kinnen hat, mar ferjitte. De moaie Bonifatiustsjerke stiet yn Dokkum. En se helje dêr hillich Bonifatiuswetter út de grûn.
Ik tink dat we dus sa'n tsien, tweintich rabauwen út de buert bewapenje moatte mei kneppels en knyften. Pistoalen wiene der in 754 noch net. Dy rabauwen kinne je dan loslitte op dy seis miljoen toeristen. Der binne bêst wol in pear by dy't soks wol noflik fine, ik lês net oars. Ja, ik tink dat der dan wol mear as dy seis miljoen op Dokkum ôfkomme. En dan kinne dy âlde buorden fan Moordstad Dokkum wer oan de dyk set wurde.
Sjoch je wol hoe gau as je fan de dyk gean, as je de aspiraasjes te heech stelle. It is prima dat de lju dy't der wenje tinke en fine dat it noardeasten in moaie noflike streek is. Mar it is simpelwei gjin streek foar tsientûzenen toeristen.
As je op de telefyzje sokke toeristesintra sjogge, dan meie we bliid wêze dat wy hjir noch in moaie reedlik rêstige noardeasthoeke ha. En soargje dan earst ris dat je wer noflik kuierje kinne oer dy âlde boerepaden. Dat de boeren dat wer wolle en dat it ûnkrûd fuort helle wurdt. Der bart no neat mei. Net ien wit wa't dêr ferantwurdlik foar is, elk hâldt de sinten yn de bûse. Mar soks kostet minder as in Eiffeltoer."