Systemen Wetsus acht dagen gizele troch hacker; losjild betelle

12 feb 2020 - 12:29

De kompjûtersystemen fan wettertechnolgy-ynstitút Wetsus yn Ljouwert binne de ôfrûne acht dagen gizele troch ien of meardere hackers. It netwurk fan Wetsus wie dy dagen net tagonklik en ek it mail- en telefoanferkear lei plat. Meiwurkers, ûndersikers en studinten koene net mear by harren gegevens en resultaten.

De hack waard ferline wike moandei foar it earst opmurken. Sûnt tiisdei wurkje de systemen fan Wetsus wer. It ynstitút hat it ynsidint meld by de Autoriteit Persoonsgegevens en by de plysje.

"Ferline wike dienen de kompjûters it net en stie op it skerm in digitaal plakkaat mei dêrop in deadskop mei it nijs dat de bestannen fersleutele wienen en as we dat 'ongedaan' meitsje woenen, dan moasten we in bepaald adres maile," seit direkteur Johannes Boonstra.

Bysûnder is dat Wetsus iepen is oer it feit dat se losjild betelle hawwe oan de hacker om de systemen wer beskikber te krijen. It eksakte bedrach wol Boonstra net neame. "Dat hat de plysje ús advisearre en boppedat wolle we gjin priislist foar kriminelen gearstalle." Wol jout er oan dat it minder is as de twa ton dy't de universiteit fan Maastricht lêsten betelle nei't dy hackt wie.

Dreech beslút

Dat it bedriuw it losjild betelle hat, wie in dreech beslút. "Earst woenen we dat net, it giet tsjin dyn gefoel fan rjochtfeardichheid yn, mar we hienen gjin kar. It wie dúdlik dat it net mei standertprogramma's oplost wurde koe, ek net troch spesjalisten."

Neffens Boonstra hie it bedriuw de befeiliging wol op oarder. "Alle eksperts, offisjele ynstânsjes en topbedriuwen seinen dat, mar der hoecht mar in lyts kierke te wêzen, dat kin elkenien barre. We binne no fansels ekstra alert. We ha ús systemen opnij ynstallearre." Hy is der wis fan dat de hackers gjin gegevens delhelle ha.

Oer wa't de dieder is, of wa't de dieders binne, kin er neat sizze. "We ha gjin flau idee, dat kin ien út Fryslân of watfoar plak op de wrâld ek mar wêze. De plysje sit der boppe-op."

Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

Ferslachjouwer Auke Zeldenrust praat mei direkteur Johannes Boonstra

Wetsus yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Der is sprake fan ransomware wannear't de kompjûter 'op slot' stiet en der betelle wurde moat om de kompjûter fan 't slot te heljen. Dat kin bygelyks komme trochdat der in e-mail iepene is mei ransomware deryn. Dêrnei ferspreidt it him yn de pc en smyt it alles yn in saneamde klûs en dêrnei giet dy klûs op slot. De brûker kriget nei it beteljen fan in bedrach wer tagong ta de bestannen. Faak giet it dan om Bitcoins.

(advertinsje)
(advertinsje)