Provinsje stipet mkb-bedriuwen mei krapte op 'e arbeidsmerk

12 feb 2020 - 07:38

It sil de kommende jierren hieltyd faker foarkomme yn Fryslân: krapte op de arbeidsmerk. Dat is de ferwachting út in ûndersyk fan de provinsje. De provinsje hat yn gearwurking mei Drinte en Grinslân de saneamde 'barometer fan it Noarden' makke.

Wurkje op de bou - Foto: Shutterstock.com

Derút kaam benammen nei foaren dat de krapte op de arbeidsmerk in probleem wurdt. Dat wurdt it hurdste field by it mkb.

"We fernimme dat benammen yn Fryslân de krapte op de arbeidsmerk in probleem wurdt", seit deputearre De Rouwe. In protte minsken gean de kommende jierren mei pensjoen en de jongerein lûkt út Fryslân fuort.

Krapte

"As we prate mei de bedriuwen, wit elkenien wol dat de krapte in probleem wurde kin. Mar benammen de mkb-bedriuwen ha net echt de mooglikheid om der op yn te spyljen. Sy binne minder dwaande mei de takomst, mar mear mei hjoed en moarn."

Sa hawwe ferskate bedriuwen gjin personielsôfdieling. Sy hâlde harren dus minder dwaande mei personiel, om't se ek alles sels regelje. De provinsje is mei dizze bedriuwen yn petear. "Mar we ha no ek in subsydzjeregeling ynsteld", seit de deputearre.

"Se kinne dan minsken ynskeakelje dy't kunde hawwe op it mêd fan personiel. Wat kinne wy dwaan om it probleem op te lossen? Njonken dat ha wy fansels ek de doar foar se iepenstean as se ynformaasje wolle oer de oanpak fan it personielstekoart."

Deputearre Sander de Rouwe oer de stipe

Trefwurden: 
MKB arbeidsmerk krapte
(advertinsje)
(advertinsje)