Tassen út auto's stellen

14 nov 2011 - 11:13

Op twa plakken yn Fryslân is sneintemiddei ynbrusten yn parkearde auto's. Sawol út in auto dy't parkeard stie yn Ketlik, as út in parkearde auto yn Nijeberkeap waard in tas stellen. Yn beide gefallen giet it om auto's fan ynwenners fan It Hearrenfean.

Nei oanlieding fan de stellerij warskôget de plysje gjin weardefol guod yn parkearde auto's sitte te litten.

Trefwurden: 
stellerij auto tas
(advertinsje)