Skip bliuwt foarearst lizzen boppe Skylge, konteners noch net fûn
It skip OOCL Rauma, dat tiisdei boppe de Waadeilannen fiif konteners ferlear, hat oan it begjin fan de nacht fan tiisdei op woansdei nochris twa konteners ferlern. Dat hat de Kustwacht bekend makke.
It skip rekke sa'n sechstich kilometer noardwest fan Skylge de twa konteners kwyt. Yn trije fan de oare fiif konteners dy't it skip tiisdei boppe It Amelân ferlear, siet papier en karton. Yn twa konteners siet ferpakkingsmateriaal en yn de oare twa molkpoeier.
Der sieten gjin gefaarlike stoffen yn de konteners, sa hat de kaptein fan it skip ferklearre. Ien fan de konteners fan it skip is yn see iepenbarsten.
Syktocht nei konteners
De Kustwacht sil woansdei wer mei in fleantúch sykje nei de konteners. "We proberen ze te lokaliseren en vervolgens de scheepvaart te waarschuwen voor de containers die in zee drijven. Het kan ook zijn dat de containers inmiddels zijn gezonken", fertelt Edwin Granneman fan de Kustwacht.
It fleantúch fan de Kustwacht hie om it middeisoere hinne noch gjin konteners op it wetteroerflak oantroffen. Der binne wol pallets, balken en papier fûn. It skip bliuwt foarearst lizzen op it plak mei de boech yn 'e wyn, oant it waar rêstiger wurdt.
Bûten de ferkearsbaan
De OOCL Rauma komt út de haven yn Kotka (Finlân) wei en is fia Dútslân ûnderweis nei Rotterdam. It fear bûten de ferkearsbaan doe't it Kustwachtsintrum de melding krige. Fanwegen de ôfmjittingen fan it skip (179 meter lang en 27 meter breed) falt it net ûnder de betingsten wêrby't de Kustwacht warskôget om net de súdlike rûte boppe de Waadeilannen te nimmen.
Op dy súdlike farrûte is in soad krityk. De skippen dy't oer dy rûte farre, soene te ticht by de eilannen komme. De MSC Zoe, dy't begjin foarich jier 345 konteners ferlear, fear dêr ek. Op de OOCL Rauma passe 1.425 konteners. Eltse kontener is 6,10 meter lang, 2,44 meter breed en 2,59 meter heech. Dat is in stik lytser as de MSC Zoe, dêr't 20.000 konteners op pasten.