Djoerste keapwenningen twa kear sa djoer as yn goedkeapste gemeente

12 feb 2020 - 06:20

Op Flylân betellen huzekeapers ferline jier it meast foar in hûs yn Fryslân. Dat docht bliken út ûndersyk fan it Kadaster en it Centraal Bureau voor de Statistiek (CBS) dat woansdei ferskynt.

Foto: ANP

De goedkeapste gemeente om in hûs te keapjen yn ús provinsje wie ferline jier Noardeast-Fryslân. Hjir betellen huzekeapers krekt wat minder as 195.000 euro foar in hûs. Op Flylân binne de prizen goed twa kear sa heech. It trochsneed lei op dat eilân op 404.000 euro.

De priis foar in keapwenning yn Fryslân leit leger as it trochsneed yn de measte oare Nederlânske provinsjes. Sûnt 2014 is Noard-Hollân de djoerste provinsje om in hûs te keapjen. Yn 2018 wie in hûs dêr yn trochsneed 373.000 euro. Grinslân is noch hieltyd de goedkeapste provinsje om in hûs te keapjen.

Yn Fryslân wie de priis fan in keapwenning yn 1995 hast 68.000 euro, yntusken is dat mear as 216.000 euro.

Trefwurden: 
CBS huzemerk keapwenning
(advertinsje)
(advertinsje)