Kolleezje krijt it fjoer nei oan 'e skinen om Biosintrum Easterwâlde

11 feb 2020 - 22:51

It kolleezje fan Eaststellingwerf hat fan de gemeenteried in soad krityk krigen op de minne eksploitaasje fan it Biosintrum yn Easterwâlde. Dat hat te krijen mei grutte finansjele ôffallers. Boppedat soe de gemeente earst in liening fan 1,6 miljoen euro beskikber stelle, mar wol it kolleezje dêr nochris in kwart miljoen euro ekstra yn stekke. It kolleezje hat neffens ferskate fraksjes noch net in goed antwurd op jûn op fragen oer de problemen.

Wethâlder Fimke Hijlkema en projektlieder Rob van der Hoek yn it Biosintrum - Foto: Omrop Fryslân, Timo Jepkema

De diskusje giet oer trochgean mei it finansierjen fan tekoarten, of ophâlde mei it sintrum en de boel oerdrage oan in kommersjele partij. Neffens de VVD, PvdA en ChristenUnie kin it net sa wêze dat de gemeente mar jild stekken bliuwt yn it Biosintrum.

De D66-fraksje hat noch net in antwurd hân op de fraach wêrom't it kolleezje yn febrewaris 2018 op fragen antwurde hat dat der gjin sprake wie fan mearkosten foar it Biosintrum. D66 wol witte oft de boargemaster mei sin ynformaasje efterholden hat oer finansjele ôffallers fan it Biosintrum.

'Boargemaster hie it witte moatten'

Tammo Munting fan D66: "Ik geef het college elke keer de kans om de vraag te beantwoorden, het houdt een keer op. Ik eis een antwoord op de vraag, anders kunnen we niet verder met het Biosintrum en deze burgemeester." D66 set fraachtekens by de leauweardigens fan de boargemaster as it om de mearkosten giet. "Hij wist dat wel degelijk of hij had het moeten weten."

D66 krige stipe fan oare fraksjes. Neffens ûnôfhinklik riedslid Simon ter Heide hat de boargemaster sein dat de eksploitaasje de earste fiif jier foarinoar wie. Hy begrypt net dat sy no in moanne fierder binne sûnder dúdlikens. GroenLinks wol witte oft it in konkreet beslút west hat om de ried gjin ynformaasje te jaan.

Wethâlder Fimke Hijlkema antwurde dêrop: "Het was een lastige afweging. Je wilt eerst kijken of je problemen kunt oplossen. Daar hebben we excuses voor aangeboden."

Undersyk

It kolleezje wol no de balâns opmeitsje en ûndersykje hokker ynvestearringen der nedich binne foar de eksploitaasje fan it Biosintrum, dat op dit stuit mei ferlies draait. It kolleezje wol mei de ried, ûndernimmers, provinsje en ûnderwiisynstellingen om tafel. Foar de simmer moat der in foarstel lizze mei oplossingen, sa't der foar de ein fan it jier in beslút leit oer de takomst fan it Biosintrum. Ek moat it gean oer de oerdracht fan it pân oan in stichting.

(advertinsje)
(advertinsje)