Omtinken foar it alarmnûmer op Europeeske 112-dei

11 feb 2020 - 22:28

It is tiisdei 11 febrewaris, mei oare wurden: 112. En dat betsjut dat it ek de Europeeske 112-dei is. Op dy dei wurdt omtinken frege foar dat alarmnûmer.

Foto: Plysje

De Europeeske 112-dei is bedoeld om minsken derfan bewust te meitsjen dat 112 út alle Europeeske lidsteaten wei te berikken is, fertelt Marco Janssen, haad fan de meldkeamer fan de brânwacht. Wylst stoarm Ciara snein oer Nederlân raasde, wie it drok by de meldkeamer yn Drachten. "Op een normale dag werken we hier met 20 tot 25 centralisten, maar afgelopen zondag waren dat er maar liefst 42."

Wannear belje je no 112?

Janssen: "Mensen bellen voor spoedeisende en minder spoedeisende zaken. Aan ons dan de taak om die twee zo snel mogelijk te schiften, zodat we de spoedeisende zaken alle aandacht kunnen geven."

Mar op sa'n dei as snein blykt mar wer dat in soad minsken eins net witte wannear't je no krekt 112 belje meie. "Voor een afgebroken windveer kun je beter de aannemer bellen, voor een omgevallen boom de gemeente, maar bij direct gevaar, slachtoffers of als je twijfelt, bel je áltijd 112", leit Janssen út.

De meldkeamer yn Drachten - Foto: Google Street View

Ast 112 bellest, komst earst op de meldkeamer yn Driebergen út. Dêr freegje se wêr't it ûngelok bard is en hokker tsjinst oftst nedich hast. Dêrnei wurdst - ast út Fryslân wei bellest - trochferbûn mei de meldkeamer yn Drachten en komst by de brânwacht-, plysje- as ambulânsetafel út.

Advanced Mobile Location

Mar somtiden ferjitte minsken yn bline panyk wêr't se binne. It AML-syteem (Advanced Mobile Location) dat sûnt foarich jier op de meldkeamer brûkt wurdt, makket it yn sokke gefallen makliker. Dy technyk makket it mooglik om de eksakte lokaasjegegevens fan in mobile telefoan ôf te lêzen en nei de meldkeamer te stjoeren.

"We merken vaak dat mensen het spannend vinden om 112 te bellen, maar dat is niet nodig. Onze centralisten zijn heel vriendelijk en kundig. Dus bij direct gevaar, slachtoffers en als je twijfelt, bellen!", seit Janssen nochris.

Marco Janssen yn Weistra op Wei

Trefwurden: 
alarmnûmer 112-dei
(advertinsje)
(advertinsje)