Fries Museum wol mear witte oer minsken op âlde foto's

It Fries Museum krige yn 2001 in bysûndere skinking: in doaze fol glêsnegativen fan in lyts formaat. De 73 foto's binne noch foar de Earste Wrâldoarloch makke en it giet benammen om portretten fan manlju, froulju en bern yn de bûtenloft. It museum wol graach mear witte oer de minsken en de plakken op de foto's en ropt minsken dy't wat herkenne op om kontakt op te nimmen.
Ien fan de âlde foto's © Fries Museum
Twa jongfeinten mei snor mei de fyts nonsjalant oan de hân en mei in striehuodsje op 'e holle, in lyts mantsje op in hobbelhynder, in lytse poppe yn in widze, skruten famkes mei poppeweintsjes, boere-arbeiders mei heafoarken, kreaze freondinnen yn it gers en in groepke militêren op keukenstuollen, mei 'Lichting 1908 Afzwaaien 24 Oktober' yn kryt skreaun op it buordsje foar harren fuotten.

Eigen omjouwing

Op de foto's binne de eigen omjouwings fan de fotografearre minsken te sjen, yn stee fan de stive studioportretten fan dy tiid. De minsken steane foar harren eigen foardoar of yn de tún mei earnstich gesicht te wachtsjen oant de fotograaf harren feriviget.
"Misschien is hij wel één van hen, een welgestelde amateur die zijn platencamera en statief gebruikt om de wereld van zijn eigen dorp of familie vast te leggen", skriuwt it Fries Museum.
"Af en toe acteert hij als een professionele fotograaf en spant een stuk textiel achter zijn model. Zonder fotobewerking wordt die doek gewoon een deel van de compositie en juist die onbeholpenheid maakt deze portretten zo aantrekkelijk."

Op syk nei antwurden

De foto's binne makke yn de simmer op it Fryske plattelân, mear as in iuw lyn. It museum tinkt dat se yn Wâldsein makke binne, mar folle fierder komme se noch net. Se binne dan ek iverich op syk nei antwurden op de fraach wa't de minsken binne en wêr't harren libben him ôfspile, ek nei it fotomomint. Minsken dy't ynformaasje hawwe oer de plakken en de minsken op de foto's kinne kontakt opnimme mei it museum.