Scooterrider stutsen yn Ljouwert; plysje siket tsjûgen

11 feb 2020 - 21:17

De plysje is op syk nei tsjûgen fan in stekynsidint yn Ljouwert ôfrûne moandei. In 18-jierrige scooterrider waard doe op de krusing fan de Skieringerwei mei de Plataanstrjitte stutsen mei in skerp foarwerp.

Scooter - Foto: Shutterstock.com

It foarfal barde om 13.30 oere hinne. De bestjoerder waard oanhâlden troch in fytser dy't syn fyts foar de scooter delsette. De scooterrider waard dêrop stutsen mei in skerp foarwurp. De fytser is dêrnei hurd fuort fytst.

It slachtoffer waard nei de stekpartij oansprutsen troch in omstanner. De plysje is op syk nei dy omstanner, mar ek nei oare tsjûgen. Minsken dy't wat sjoen hawwe, kinne kontakt opnimme mei de plysje.

(advertinsje)
(advertinsje)