Monumintale dowetille fan Aldeberkeap troch stoarm fernield

De 150 jier âlde dowetille fan Aldeberkeap, ien fan de tolve ryksmonuminten fan it doarp, is troch de stoarm Ciara omblaasd. De unike dowetille stiet op de Doevekaampe, in gersfjild foar Villa Lunia. Dit type dowetille yn hûskefoarm mei laaien dak komt fierder yn Fryslân net mear foar.
Op oare plakken yn it lân stean der noch wol guon by lânhuzen en kastielen. It type fan Aldeberkeap komt al om 1600 hinne op ôfbyldings foar. It âldste fermelden fan de tille komt út in gemeenteferslach fan 1887. It jiertal 1870 wurdt oanholden as boujier. Yn 1971-1972 is it gemeentlike bouwurk restaurearre en op deselde greide wat ferpleatst nei de doarpskearn ta.

Swier skansearre

De beide peallen dêr't it bouwurk op stie, binne ôfbrutsen by de grûn. It unike dakje is folslein ferwoaste. De gemeente moat bepale wat der mei it swier skansearre bouwurk barre sil.
Karst Berkenbosch fan Aldeberkeap jout regelmjittich rûnliedings troch it doarp. "Dit is een heel triest beeld. Het was een enorme blikvanger", seit er. Dowen kamen der al lang net mear yn, al wie dat yn 1964 by it opstellen fan in monumintelist wol in winsk dy't libbe yn it doarp. De dowen waarden eartiids yn in tille fongen en tele foar konsumpsje as dowepasteitsjes.
"Als ik rondleidingen geef, zeg ik altijd: de duiventil is de Ferrari van tegenwoordig." It hâlden fan in swarm dowen wie nammentlik in saneamd 'heerlijk recht'. Dat betsjutte dat it foarbehâlden wie oan de adel en de hege geastliken, foar safier't dy grutgrûnbesitters wiene. "Als je zo'n duiventil in je tuin neerzette, moest je daar allemachtig veel belasting over betalen." Mei oare wurden: ast sa'n ding hiest, lietst sjen datst in soad jild hiest.

Statussymboal

Petrus Lambertus Willinge Prins hie dy rjochten yn Aldeberkeap en makke dêr om 1900 hinne noch wol gebrûk fan. Hy kocht yn 1895 Huize Lunia. Fan de 19e iuw ôf waard it hâlden fan in dowetoer hieltyd mear in statussymboal. De dowen waarden minder foar de konsumpsje en mear as sierfûgels hâlden.
Karst Berkenbosch fan Aldeberkeap oer de dowetille