Temjittekomming foar Fryske studinten oan RUG Campus Fryslân

11 feb 2020 - 19:31

Fryske studinten dy't it kommende stúdzjejier ynstreame by de RUG Campus Fryslân kinne gebrûk meitsje fan de subsydzjeregeling fan de provinsje. Mei dizze subsydzje krije sy in temjittekomming fan 4.800 euro yn harren stúdzjekosten. De fergoeding bestie al, mar mei in ferheging hopet de provinsje jongerein entûsjast te krijen om oan de Campus te studearjen. In moanne lyn waard nammentlik bekend dat it mei de Campus minder giet as tocht.

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

Betingst om yn oanmerking te kommen foar de subsydzje is dat de studint yn Fryslân wennet en de lêste twa jier op it fuortset ûnderwiis yn Fryslân sitten hat. Der is in ton beskikber foar de regeling. Dêrmei kinne sa'n tweintich nije studinten foarsjoen wurde. Oant no ta meitsje 17 jongeren gebrûk fan de regeling.

Rûnlieding

"It universitêr studearjen yn Fryslân is noch frij ûnbekend by de measte learlingen", leit deputearre Sander de Rouwe út. Om him hinne stiet in groep 4-vwo-learlingen fan it Marne College. Sy krije krekt in rûnlieding troch it Provinsjehûs, as it ûnderwerp fan studearjen oan de Campus bepraat wurdt. Ien fan de learlingen sjocht ferheard op en freget him ôf oft it echt mooglik is om yn Fryslân te studearjen. "Ja dat kin echt", seit De Rouwe.

Nammebekendheid

De nammebekendheid fan de Campus kin wol wat omheech, sa docht bliken út de reaksje fan de jongerein. "Mar dêrom sette wy no ek yn op dy subsydzje", seit De Rouwe. "Studinten kinne sa'n 4.800 euro krije as se de folsleine bachelor by de Campus folgje." De Campus hat no ien bachelor: Global Responsibility & Leadership.

"Dat jild ha se nedich om it kolleezjejild te beteljen." It bedrach wurdt lykwols ferspraat oer de folsleine trije jier fan de stúdzje. "It is net sa datst 4.800 euro yn it jier krijst."

Gjin wanhoopspogings

Neffens De Rouwe is de subsydzjeregeling lykwols gjin wanhoopspoging om de Campus te rêden. "De Campus giet hiel goed as we sjogge nei kwaliteit. We ha kundich personiel en tûke studinten. Mar as we sjogge nei kwantiteit, moat der fansels wol wat by."

De Rouwe sjocht efkes nei de learlingen om him hinne. "Dus as jimme aanst in diploma ha, binne jimme fansels wolkom."

Ferslachjouwer Willem Vermeltfoort yn petear mei deputearre Sander de Rouwe

(advertinsje)
(advertinsje)