Definsje ûndersiket bewapenjen drones fleanbasis Ljouwert

11 feb 2020 - 18:50

It ministearje fan Definsje ûndersiket de "konkrete mooglikheden en kosten" fan it bewapenjen fan de ûnbemanne fleantugen dy't it leger folgjend jier yn gebrûk nimme sil. It giet om fjouwer MQ-9 Reaper-drones dy't op de fleanbasis fan Ljouwert stasjonearre wurde.

Foarbyld MQ-9 Reaper - Foto: ANP

De Twadde Keamer naam yn novimber in moasje oan dêr't it kabinet yn oproppen waard om te besjen oft de drones dochs net bewapene wurde moatte. Technysk sjoen is dat mooglik. Steatssekretaris Barbara Visser fan Definsje skriuwt oan de Keamer dat "op dit moment het bewapenen van de MQ-9 niet aan de orde is".

Operasjonele foardielen

Se erkent lykwols dat it bewapenjen fan de drones operasjonele foardielen biedt. Definsje kin der rapper en fleksibeler mei hannelje. Dêrom sil it ministearje "vanwege het belang van doorontwikkeling en de operationele meerwaarde" it bewapenjen fan it systeem ûndersykje. Hjiroer wurdt de kommende moannen ynformaasje sammele.

In Reaper-systeem bestiet ûnder mear út fjouwer fleantugen (spanwiidte 20 meter en 11 meter lang), radar en in grûnstasjon. Der binne gjin wetlike beswieren om de Reapers te bewapenjen. De Amerikanen brûke bewapene drones om yn lannen as Jemen en Afganistan tsjinstanners te deadzjen.

(advertinsje)
(advertinsje)