Fan middernacht ôf ophokplicht foar plomfeebedriuwen

11 feb 2020 - 18:36

Fan woansdei 0.00 oere ôf jildt der yn hiel Nederlân in ophokplicht foar alle kommersjele plomfeebedriuwen. Dat is besletten nei oanlieding fan in resinte besmetting by in hobbyboer yn Bretzfeld yn Baden-Württemberg, Dútslân. De maatregel jildt foarearst foar fjouwer wiken. Minister Schouten fan Lânbou skriuwt oan de Twadde Keamer dat it beslút naam is om't de driging út Dútslân wei tanaam is.

Hinnen - Foto: Shutterstock.com

De Nederlânske plomfeesektor frege wiken lyn al om in ophokplicht, nei't om de jierwiksel hinne de earste berjochten út Poalen wei oer fûgelgryp opdûkten. De minister fûn dat de situaasje doe noch gjin oanlieding joech om in ophokplicht yn te stellen. Mar de kâns dat de besmetting ek nei Nederlân komt, wurdt no heger ynskatten as inkelde wiken werom.

"Dit beslút komt as in geskink, wat my oanbelanget", seit LTO-bestjoerder en plomfeehâlder Piet Faber. "Wy hiene der by it ministearje al op oanpraten, om't de situaasje yn Poalen net stabyl wie."

Maatregel jildt net foar hobbyhinnen

De maatregel jildt net foar hobbyhinnen. Minsken mei in pear hinnen of oare fûgels meie sels beslisse oft se harren bisten binnendoar hâlde. Frije-útrinaaien meie ûnder de ophokplicht ferkocht wurde mei frije-útrinlabel, ek as de hinnen binnen sitten hawwe. Dat jildt oant sechstjin wiken nei it ynstellen fan de ophokplicht.

"Op hannelsgebiet is der op dit stuit noch gjin earmoede", seit Faber. "As it langer duorret as sechstjin wiken, dan fynt der ôfwurdearring plak fan de aaien, om't se net mear ferkocht wurde meie as frije-útrinaaien."

East-Europa

Yntusken binne útbraken melden yn ûnder oare Poalen, Slowakije, Hongarije, Roemenië, Tsjechië, Dútslân en Oekraïne. De situaasje dêr is noch hieltyd soarchlik, skriuwt Schouten.

Ek binne der earder twa deade besmette wylde fûgels fûn, ien yn Poalen en ien yn Dútslân tichtby de Poalske grins. Yn Dútslân is oant no ta ien gefal fan fûgelgryp by hâlden plomfee fûn.

Oer fjouwer wiken wurdt de situaasje opnij besjoen en besletten oft de ophokplicht fan krêft bliuwt.

LTO-bestjoerder en plomfeehâlder Piet Faber oer de ophokplicht

(advertinsje)
(advertinsje)