Sineeske studinten yn Ljouwert ha bot lêst fan diskrimaasje

11 feb 2020 - 18:07

Sineeske studinten op hegeskoalle NHL Stenden hawwe bot lêst fan diskriminearjende opmerkings nei oanlieding fan it coronafirus. Yn appgroepen is it it petear fan de dei. Benammen nei de foarfallen yn Wageningen. Dêr waard in flat dêr't Sinezen wenje, bekladde mei leuzen. Ek it karnavalsferske 'Voorkomen is beter dan Chinezen' fan Radio 10-dj Lex Gaarthuis is de Sineeske mienskip hjir yn it ferkearde kielsgat sketten.

Chang Liu is direkteur fan de Sineeske skoalle yn Ljouwert. Se ûnderhâldt in soad kontakt mei Sineeske studinten yn Ljouwert. Fia de Sineeske ferzje fan Whatsapp, WeChat, wurdt in soad praat oer wat der op it stuit allegear bart. Liu: "De studenten geven aan dat er regelmatig opmerkingen worden gemaakt. Dan roept iemand 'Hatsjoe, hatsjoe... corona' als er een Chinese student in de buurt is. Dat raakt ze echt hard."

Opmerkingen werom meitsje de Sineeske studinten hast net, seit Liu. "Ik vraag dan of ze iets terug zeggen. Ze antwoorden dan dat zoiets niet helpt. Ze voelen zich hulpeloos."

NHL Stenden yn aksje

By NHL Stenden nimme se klachten serieus. Op it yntranet freegje se om respektfol om te gean mei oare studinten. Wurdfierder Ria Saltsidis-Oekas: "We hebben alle studenten en medewerkers een mail gestuurd. Daarin roepen we iedereen op elkaar te respecteren en te waarderen, maar vooral ook om geen respectloze uitingen te doen naar anderen."

Chang Liu en Yun Liu - Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma

De Sineeske skoalle hat de lessen in oantal wiken stillein. Ut foarsoarch en om ûnrêst foar te kommen. "Er zijn in januari nog mensen terug gekomen uit China. Ze waren daar om Chinees nieuwjaar te vieren. Die ouders houden zichzelf al twee weken in quarantaine", seit Chang Liu. "Maar om het zekere voor het onzekere te nemen, zodat de besmetting niet van kind op kind overgaat, hebben we de school gesloten." Net ien fan de âlders of bern hat klachten.

Chang Liu is dúdlik: "I am not a virus. Ik ben geen virus. Wij doen er alles aan om besmetting te voorkomen. We helpen onze familieleden in China voor zover mogelijk met het bestrijden van het virus. Wij doen ons best, maar kunnen hier niets aan doen."

Chan Liu oer de Sineeske studinten yn Ljouwert

(advertinsje)
(advertinsje)