Foararrest No Surrender-leden fertocht fan heling ferlinge

11 feb 2020 - 17:47

De rjochtbank yn Ljouwert hat tiisdei it foararrest ferlinge fan trije manlju út Noardwâlde en Vledder, dy't fertocht wurde fan heling, wytwaskjen en lidmaatskip fan in kriminele organisaasje. De trije soene lid wêze fan motorklup No Surrender. Se waarden yn novimber oppakt nei in tip.

Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

De trije manlju (64, 39 en 26 jier) wurde derfan fertocht yn organisearre ferbân de bussen te helen. Sy lieten nei alle gedachten de bedriuwsbuskes stelle op bestelling om se dêrnei útinoar te heljen en wer te ferhanneljen. By hûssikingen op fiif plakken yn de saak hat de plysje fiif fjoerwapens en soft- en harddrugs yn beslach nommen.

De saak kaam oan it ljocht troch in melding by Meld Misdaad Anoniem dat yn in loads yn Wynjewâld en Noardwâlde ûnderdielen lizze soene fan stellen auto's. Yn oktober 2019 hat de plysje de loadsen leech helle. It die bliken dat it yndie stellen guod wie út de omjouwing fan Amsterdam en Arnhem. Dêrnei is in resjerzje-ûndersyk opset.

Nei de simmerfakânsje

Neffens offisier fan justysje Leonie Lübbers is it ûndersyk noch yn folle gong. Se slút net út dat der noch mear minsken oanhâlden en heard wurde sille. De rjochtsaak sil nei alle gedachten net earder as nei de simmerfakânsje tsjinje.

It giet om 75 stellen fehikels en der sille dan ek in soad foarderings fan dupearren wêze. It Iepenbier Ministearje komt wierskynlik mei in saneamde 'ontnemingsvordering', om it krimineel fertsjinne jild fan de fertochten ôf te pakken.

(advertinsje)
(advertinsje)