Alderein boarne fan ynspiraasje foar Vaderlandsdichter Tsead Bruinja

Dichter des Vaderlands Tsead Bruinja reizget dit jier alve Fryske âldereintehuzen by del om 'Portretten in Poëzie' te meitsjen mei minsken fan yn de 80 en 90. De Fries-om-utens is fan 'e wike yn Talmahoeve yn Feanwâlden. Bruinja wurket tegearre mei muzikant Arnold de Boer fan Zea en The Ex, dichter Sigrid Kingma en fotograaf Rosa van Ederen.
Fryske âlderein binne in rike boarne fan ynspiraasje foar Dichter des Vaderlands Tsead Bruinja
De dichters, de muzikant en de fotografe wurkje ien-op-ien mei bewenners fan Talmahoeve dy't ree binne om te praten oer harren libben of oer wat harren dwaande hâldt.

Moaie ferhalen

Tsead Bruinja mei graach mei âldere minsken wurkje. "Sy hawwe safolle te fertellen. Harren ferhalen fertsjinje yn myn eagen absolút mear oandacht. Boppedat fyn ik it moai om harren in nije ûnderfining te besoargjen."
It projekt liket oant no ta goed út te pakken. It selskip wurdt gastfrij ûntfongen yn de âldereintehuzen en yn elts hûs binne ferskate bewenners ree om te fertellen en om mei in dichter, muzikant of fotograaf op te arbeidzjen.
Jan de Jong gie op stap mei fotograaf Rosa van Ederen © Omrop Fryslân

Jan de Jong (90): It is wer ris wat oars

"It is wer ris wat oars, no?", seit Jan de Jong (90) as er mei fotograaf Rosa van Ederen op stap giet. De reis giet nei de spoarbrêge fan Feanwâldsterwâl, want dêr hat skipperssoan De Jong aardich wat fuotstappen te lizzen. Boppedat skreau syn mem in gedicht oer in bysûndere moeting op dat plak yn 'e oarloch dat er grutsk op lokaasje foardraacht.
Om de brêge te berikken moat De Jong in ein oer it Koekoekspaad rinne achter de rollator, mar dat fynt er gjin probleem. "Ik bin hjoed fotomodel. Wa hie dat no tocht?!"
Jan de Jong deklamearret op lokaasje in 'wier bard' gedicht fan syn mem

Boek

Van Ederen fynt it moai om senioaren te fotografearjen op in plak dat wichtich foar harrensels is. "Deze mensen poseren niet, maar zijn helemaal zichzelf en dat maakt het fotograferen erg prettig."
Njonken de portretten op lokaasje dokumintearret Van Ederen it folsleine projekt foar it boek dat letter makke wurde sil.
Sigrid Kingma yn petear mei frou Snoek © Omrop Fryslân

Flecht út Nij-Guinea

Dichter Sigrid Kingma wurdt keppele oan frou Klaske Snoek. Dy komt al gau op de tekst oer har flecht mei in lytse poppe fan fjouwer wike âld út Nij-Guinea wei, doe't dy Nederlânske koloanje oernommen waard troch Yndonezië. It is in ferhaal dat him mooglik goed lient foar in fers, tinkt Kingma.

It Fryske Boek

Frou Snoek is yn Fryslân ek wol bekend as âld-direkteur fan Stichting It Fryske Boek, mar har tinzen geane hjoed-de-dei mear nei wat se yn har lange libben meimakke mei man en bern. Sy fynt it dúdlik moai dat se no in jonge Fryske dichter op besite krijt.
Harkje nei it fers fan Sigrid Kingma foar frou Snoek
Tsead Bruinja yn petear mei âld-timmerman Auke © Omrop Fryslân

Moaie útdrukkingen

De oerenlange ynterviews tsjinje as basis foar in fers, in tapaslik liet, of in fotoportret op lokaasje. De wurkwize is net op elk plak gelyk, seit Bruinja. "Ik haw hjoed wer sokke moaie útdrukkings en ferhalen heard. Dêr moat ik eins wol wat mei, mar ik wyt no noch net krekt wat."
Bruinja treft it, want âld-timmerman Auke Groenhof hat syn pake kennen en sit samar op de praatstoel oer syn wurk, syn arkbak en oer de reizen dy't er yn syn libben makke.

Presintaasje

De earste resultaten wurde tiisdeimiddei oan alle bewenners presintearre yn Talmahoeve. De belutsen bewenners dogge dêr aktyf oan mei. Baukje Vonk - van der Zwaag (94) sjongt sels in duet mei beropsmuzikant Arnold de Boer. It liet giet oer de natuer en is moandeitejûn troch De Boer skreaun op basis fan de ferhalen dy't it fan frou Vonk hearde. Jan de Jong deklamearret grutsk it gedicht dat syn mem skreau oer in moeting yn de oarloch yn septimber 1944. Hy beslút de middei mei in ferhaal oer de skiednis fan it skip fan syn heit.
"Dit is gjin skiednis út boekjes, mar echte, gewoane minsken-skiednis", seit in tefreden dichter Tsead Bruinja nei ôfrin. Syn projekt 'Portretten in Poëzie' is noch lang net klear. Der folgje noch acht âldereintehuzen yn hiel Fryslân; de earstfolgjende lokaasje is It Hearrenfean. Oan 'e ein fan de toernee wurdt al it materiaal sammele yn in boek dat de Afûk útjaan sil.
Harkje nei Tsead Bruinja en Auke Groenhof
Harkje nei it liet fan Arnold de Boer en Baukje Vonk
Arnold de Boer en Baukje Vonk oer harren gearwurking