Skip ferliest fiif konteners boppe It Amelân; yn elts gefal ien kontener iepenbarsten

11 feb 2020 - 19:58

De Nederlandse Kustwacht hat bekend makke dat in skip 43 kilometer boppe It Amelân konteners ferlern hat. It giet om it skip OOCL Rauma dat út Finlân wei komt en ûnder Nederlânske flagge fart. It fear bûten de ferkearsbaan doe't it Kustwachtsintrum de melding krige. In boat en in Kustwachtfleantúch binne dwaande om de konteners te lokalisearjen.

Foto: Kustwacht Nederland

De OOCL Rauma komt út de haven yn Kotka (Finlân) wei en is fia Dútslân ûnderweis nei Rotterdam. It skip is boud yn 2009 en is 179 meter lang en 27 meter breed. Fanwegen dizze ôfmjitting is it skip net oproppen troch de Kustwacht. Dat hâldt yn dat it skip net ûnder de betingsten falt wêrby't der troch de Kustwacht warskôge wurdt om net de súdlike rûte te nimmen boppe de Waadeilannen.

Op de súdlike farrûte is in soad krityk. De skippen dy't oer dy rûte farre, soene te tichtby de eilannen komme. De MSC Zoe, dy't begjin foarich jier 345 konteners ferlear, fear dêr ek.

Op de OOCL Rauma passe 1.425 konteners. Eltse kontener is 6,10 meter lang, 2,44 meter breed en 2,59 meter heech. Dat is in stik lytser as de MSC Zoe, dêr't 20.000 op pasten.

Kustwacht

"Toen de melding binnenkwam, probeerden we zo snel mogelijk informatie te achterhalen", seit Edwin Granneman fan de Kustwacht. "Dus: waar is het schip nu, om hoeveel containers gaat het en wat zit erin. Daarnaast hebben we meteen noodhulp die kant op gestuurd en ook het Kustwachtvliegtuig is meteen die kant op gevlogen."

Doe't de melding binnen kaam, fear it skip likernôch 43 kilometer boppe it Amelân. Dat betsjut dat it skip bûten de ferkearsbaan fear. "Op het moment dat de kapitein dat nodig acht voor de veiligheid van het schip en de bemanning, kan hij van die verkeersbaan afwijken. Daarom voer dit schip nu ook buiten de verkeersbaan."

Edwin Granneman fan de Kustwacht oer de konteners

De OOCL Rauma gie op 30 oktober fuort út Rotterdam - Foto: Shutterstock.com (Martin Lueke)

Oft it by de fiif konteners bliuwt, kin Granneman net sizze. "Bij MSC Zoe zagen we dat dat aantal steeds werd bijgesteld, dus we wachten het nu ook weer af." In grut ferskil mei MSC Zoe is dat de OOCL Rauma de konteners oerdeis ferlear en de kapitein goed sicht hat op it skip en de situaasje.

Dreger om de konteners te finen

De Kustwacht besiket mei ûnder oare de rederij te achterheljen wat de ynhâld fan de konteners is. Oant no ta binne der trije konteners lokalisearre. Neffens Granneman sitte yn trije konteners papier en karton. De oare twa konteners binne noch net lokalisearre. Dat komt om't der earst trije oerboard foelen en krekt wat letter nochris twa.

It wurdt no dreger om de konteners te finen, want it wurdt tsjuster en de boat fan de Kustwacht (de ETV Guardian) hat te krijen mei technyske problemen en is werom gien nei Den Helder.

Oft it stoarmige waar der ek foar soarge hat dat it skip de konteners ferlear, kin Granneman noch net sizze. "Het zou kunnen. Een schip gaat aardig tekeer in zulke omstandigheden. Maar dat moet nog worden onderzocht. Maar ze kunnen zo open barsten door de hevige wind; het is nu windkracht 8."

Te folle risiko

Boargemaster Ineke van Gent fan Skiermûntseach fynt dat der ek no te folle risko naam is. "De Onderzoeksraad voor Veiligheid heeft naar aanleiding van de containerramp met de MSC Zoe geadviseerd om de zuidelijke vaarroute niet meer te gebruiken bij zwaar weer, omdat er dan te veel risico is op ongelukken." Neffens har kin de Kustwacht de skipfeart allinnich driuwender advisearje om fia in oare rûte te farren, mar kin it beslút net ôftwongen wurde.

"Toen het zondag begon te stormen, ben ik gelijk begonnen met het vragen van aandacht voor de situatie. Er zouden vijf schepen via de zuidelijke route gaan. De Kustwacht heeft geadviseerd het niet te doen. Vier schepen zijn omgevaren. Eentje ging toch, gelukkig ging dat goed."

De lêste update fan Edwin Granneman fan de Kustwacht

(advertinsje)
(advertinsje)