Soad oerlêst fan roeken: gemeente Ljouwert sil de fûgels ferjeie

De oerlêst fan roeken yn Ljouwert is op guon plakken sa slim, dat de gemeente begjint mei it ferjeien fan de fûgels. De provinsje hat dêr tastimming foar jûn. De gemeente mei de roeken no de kommende trije jier ferjeie.
© Shutterstock, Ihor Hvozdetskyi
Op sân plakken yn de gemeente is in soad oerlêst fan de fûgels. Bygelyks yn de wiken Heechterp/Skieringen, Westeinde, Nijlân en Huzum-West, mar ek yn de doarpen Goutum en Stiens. Mooglik wurde ek yn Mantgum maatregels troffen.

Nêsten fuort

Meiwurkers fan de gemeente sille no nêsten fuort helje en de roeken mei knallen ferjeie. De gemeente set dêr spesjalisearre jagers foar yn.
De aksjes fine oant healweis april plak; dan ferwachtet de gemeente dat de oerlêst wer ûnder kontrôle is. De fûgels wurde dêrnei ek goed yn 'e gaten hâlden. As de roeken ferjage wurde, kinne mooglik op oare plakken oerlêstlokaasjes ûntstean.