Fjouwer gemeenten brekke mei Hulpmiddelencentrum as Wmo-leveransier

11 feb 2020 - 15:52

De gemeenten East- en Weststellingwerf, Opsterlân en It Hearrenfean sizze mei 1 oktober de gearwurking mei it Hulpmiddelencentrum (HMC) as leveransier fan Wmo-helpmiddels op. De fjouwer gemeenten namen de helpmiddels de lêste trije jier ôf by it HMC, mar it sintrum foldocht neffens harren net oan de easken yn it kontrakt. Dat docht bliken út in meidieling dy't it kolleezje fan Eaststellingwerf nei de ried stjoerd hat.

Foto: Omrop Fryslân

Mar ek nei beloften fan betterskip, ferbetterplannen en yntinsyf tafersjoch op de easken, kaam der gjin ferbettering yn de gearwurking. Dêrom wurdt it kontrakt opsein, mei yngong fan oktober. De gemeenten sykje no in nije leveransier fan helpmiddels.

De fjouwer neamde gemeenten giene trije jier lyn in oerienkomst oan foar de Wmo-helpmiddels mei it Hulpmiddelencentrum. Gemeenten moatte soargje dat ynwenners út de Wet Maatschappelijke Ondersteuning (Wmo) wei helpmiddels levere krije dy't se nedich hawwe. Dat jildt ek foar reparaasjes en ûnderhâld. It giet om helpmiddels lykas elektryske rolstuollen of scootmobilen.

Ynfersomstelling

De gemeenten konstatearren yn de rin fan de oerienkomst dat it HMC net foldocht oan de stelde kontraktuele easken. Sa waarden ôfspraken net neikaam. De gemeenten hawwe it HMC dan ek yn fersom steld fanwege it net neilibjen fan de oerienkomst.

"Er is na herhaaldelijke beloftes van beterschap, verbeterplannen en intensief contractbeheer geen verbetering in de dienstverlening opgetreden. Wij hebben om deze reden besloten de overeenkomst met het HMC niet te verlengen. Om partijen de gelegenheid te geven een adequate overdracht te organiseren wordt de samenwerking pas op 1 oktober 2020 beëindigd", seit it kolleezje fan Eaststellingwerf.

Europeeske oanbesteging

Der folget no in Europeeske oanbestegingsproseduere foar in nije leveransier fan 1 oktober ôf. Mar der is ek in koartetermynoplossing betocht. Fia in mearfâldige ûnderhânske oanbesteging is yntusken neist HMC in twadde leveransier yn de earm naam. It giet om helpmiddelsleveransier Welzorg. Der binne gjin ekstra kosten oan ferbûn.

Opfallend is dat Oeriselske gemeenten yn septimber 2018 út ûnfrede brutsen hawwe mei Welzorg. It reinde doe klachten. Patiëntenfederatie Nederland soe it oanmoedigje as gemeenten foar meardere oanbieders kieze.

(advertinsje)
(advertinsje)