Fryske antystressstoel nominearre foar lanlike priis

11 feb 2020 - 15:39

In stoel dy't derfoar soarget dat minsken minder lêst hawwe fan prikels út de omjouwing is nominearre foar de Nationale Zorginnovatieprijs 2020. De stoel is betocht troch in bedriuw út Surhústerfean. As minsken derop sitten gean, teart de stoel him as in soarte kokon om harren hinne.

Jasper Maneschijn (rj.) fan it bedriuw Health2Work kriget oarkonde nominaasje - Foto: Health2Work

Jasper Maneschijn fan it bedriuw Health2Work hat de stoel ûntwikkele. Ut de ynboude lûdsboksen komt rêstige muzyk, De stoel hat spesjale ferljochting dy't nei ferlet ynsteld wurde kin. Minsken dy't lêst hawwe fan prikels en stress wurde rêstich, as se yn de stoel sitte.

By de ferkiezing foar de nasjonale soarchynnovaasjepriis kin it publyk stimme. Dat kin fan woansdei ôf.

(advertinsje)
(advertinsje)