Unike opera achterdyk yn slyk by Peazens-Moddergat

11 feb 2020 - 15:23

De wrâldferneamde opera 'Peter Grimes' fan Benjamin Britten sil opfierd wurde yn it slyk by Peazens-Moddergat. Dat de opera achterdyk yn it slyk opfierd wurde sil is al unyk, mar benammen de lokaasje en de setting meitsje it hiel spesjaal.

De premjêre is op freed 18 septimber. Sa'n hûndertfyftich spilers sille meidwaan oan it drama oer fiskerman Peter Grimes. De opera spilet him ôf yn in doarp oan de kust fan Suffolk yn Ingelân.

De pleatslike lykskôger, dy't ek advokaat en boargemaster is, ûnderfreget fisker Peter Grimes oer de dea fan in skipsjonge. Net allinnich de dea fan de fiskersjonge ropt fragen op, mar ek de omgong mei de fertochte.

Ferslachjouwer Timo Jepkema praat by Peazens-Moddergat mei regisseur Arnoud Oosterbaan

De haadrolspilers binne Jeannette van Schaik en de jonge talinten Thembinkosi Magagula en Channa Malkan. Inisjatyfnimmer is Arnaud Oosterbaan. De rezjy is yn hannen fan Paul Carr en David Lelieveld docht de produksje.

It toaniel sil bestean út in grutte weach en symbolisearret de ûnrêst op see. It publyk komt te sitten op in lossteande tribune dy't like heech is as de dyk.

Opera op het Wad - Foto: Van Plan

Spyldata

freed 18 septimber 2020: 20:00 - 23:00

sneon 19 septimber 2020: 20:00 - 23:00

tiisdei 22 septimber 2020: 20:00 - 23:00

woansdei 23 septimber 2020: 20:00 - 23:00

freed 25 septimber 2020: 20:00 - 23:00

(advertinsje)
(advertinsje)