Frijwilligers nimme doarpshûs Aldegea (SWF) ûnder hannen foar grutte renovaasje

11 feb 2020 - 14:34

It is noch wol wat in bouput, mar de frijwilligers binne drok dwaande mei in grutte ferbouwing fan it doarpshûs yn Aldegea yn de gemeente Súdwest-Fryslân. Mar leafst 175 minsken hawwe harren opjûn om minimaal 25 oeren mei te helpen. It wurk moat yn novimber klear wêze. Dan moat it doarpshûs wer by de tiid wêze.

Ferslachjouwer Johanna is yn Aldegea

It doarphûs is boud yn 1983. De ynrjochting datearret ek út dy tiid, dus mei skroatsjes en brunige tegels. Sawat alles wurdt fernijd, de flierren, it sanitêr, de doarren, en it asbest wurdt út de plafonds helle. Renovaasje is nedich, seit Siebe Walinga, want "wy moatte wer foarút."

Alle wiken meitsje sânhûndert oant achthûndert minsken gebrûk fan it doarpshûs. De aktiviteiten dêr't sy oan meidogge, gean ûnder de ferbouwing gewoan troch. Oerdeis wurdt der wurke, middeis oprêden en skjinmakke en jûns is is der plak foar toaniel, biljert, sang of gearkomsten. De skoalle brûkt de sportseal foar gymnastyk.

Foto: Omrop Fryslân

It hiele foartrajekt, fan plannen meitsje en jild regelje hat wol fiif jier duorre, seit Walinga. "Der binne hiel wat fergaderoerkes oerhinne gien. Wy besykje de ûndernimmers út it doarp safolle mooglik by wurk te belûken."

It wurk moat yn novimber klear wêze. Dan moat doarpshûs It Joo fan Aldegea (SWF) wer by de tiid wêze.

Foto: Omrop Fryslân

Nochris ferslachjouwer Johanna Brinkman yn Aldegea

(advertinsje)
(advertinsje)