Salamanders en podden troch waarme winter no al ûnderweis

11 feb 2020 - 14:19

Frijwilligers hawwe tiisdeitemoarn mei minsken fan Landschapsbeheer Friesland in saneamd poddeskerm pleatst by in part fan de Oosterseveldweg yn Noardwâlde. Dit om foar te kommen dat salamanders en podden deariden wurde. Mei in winter dy't mear liket op hjerst, wurdt de kâns dat sy op trek te gean fan de bosk nei it wetter hieltiten grutter.

It poddeskerm foarkomt dat de bistjes op de dyk komme en begeliedt se nei amers dy't yn de grûn sitte. Dy wurde troch frijwilligers oan de oare kant fan de dyk wer leech helle. It bysûndere fan de lokaasje by Noardwâlde is dat der yn ferhâlding in soad salamanders oerstekke. De measten binne kaamsalamanders, mar der sitte ek noch seldsumere soarten tusken.

Der wurde pealtsjes slein foar it poddeskerm - Foto: Remco de Vries, Omrop Fryslân

Ferline jier koene de frijwilligers it skerm troch froast net op tiid klear krije, mar dat is no gjin probleem. Wat wol in bytsje in probleem is, is dat de grûnwetterstân noch hieltiten wat te leech stiet troch de drûchte fan de ôfrûne simmers. Yn it wetterke dêr't de podden en salamanders hinne gean, stiet genôch wetter. Mar dat is net it gefal yn in gebietsje derneist, dat der spesjaal foar útgroeven is.

It bytsje wetter wat der op stean moat, waarmet gau op en dat helpt de amfibyen mei it produsearjen fan jongen. De ôfrûne twa jier hat it wetter dêrfoar lykwols net heech genôch stien.

Frijwilligers sette tongersdei ek in poddeskerm del by de Pooswei by Beetstersweach.

Frijwilligers wurkje oan it poddeskerm by Noardwâlde - Foto: Remco de Vries, Omrop Fryslân

Harkje nei de bydrage fan ferslachjouwer Remco de Vries

(advertinsje)
(advertinsje)