Frou (82) by oerfal opsluten yn meterkast: sân jier sel easke

11 feb 2020 - 13:53

It Iepenbier Ministearje hat sân jier sel easke tsjin trije fertochten fan in wapene oerfal yn De Krim (gemeente Hardenberg). Ien fan de trije fertochten, Anil T., komt út Ljouwert.

Justysje - Foto: Shutterstock.com

Mei twa oare fertochten, út Hoogeveen en Coevorden, besocht T. yn desimber 2018 in 82-jierrige frou te oerfallen.

De frou liet krekt de kat derút doe't twa fan de trije oerfallers foar har stiene. Ien drukte har in stroomstjitwapen yn it gesicht, mar sette benammen himsels ûnder stroom, sa die bliken op de sitting. De frou waard troch de oerfallers yn de meterkast opsluten. Se siet fyftjin oeren yn de krappe kast foar't se fûn waard.

Freondinnen fan har dûnsgroep fûnen de frou yn de moarntiid. Neffens de Offisier fan Justysje hat dat har rêding west, want it hie folle slimmer ôfrinne kinnen, as se letter fûn wie.

De 46-jierrige Evert B. út Hoogeveen, de 44-jierrige Lambert B. út Coevorden en de 20-jierrige Antil T. út Ljouwert hawwe foar in part bekend. Se sizze dat se yn it foar net fan doel wiene om de frou op te sluten.

(advertinsje)
(advertinsje)