Minister Bruins: Datahack MCL troch sleauwens sikehûs

11 feb 2020 - 13:34

Sikehûs MCL yn Ljouwert wie sels ferantwurdlik foar it befeiligingslek yn it Citrix-systeem, want it sikehûs hat in update fan it programma net op 'e tiid trochfierd. Dat antwurdet minister Bruno Bruins fan medyske saken op fragen fan de SP yn de Twadde Keamer. Wêrom't der net in update dien is, wurdt noch ûndersocht.

Hackers makken misbrûk fan it befeiligingslek. Dêrom lei it sikehûs op 14 jannewaris alle dataferkear mei de bûtenwrâld stil. Pasjinten koene net mear by har eigen dossier en personiel fan it sikehûs koe net mear thúswurkje.

Njonken dy problemen hat ek it College Beoordeling Geneesmiddelen lêst hân fan de hack. Mar it liket der net op dat der data lekt is, seit minister Bruins.

(advertinsje)
(advertinsje)