Kampanje fan studinten om bewuster mei alkohol om te gean

11 feb 2020 - 12:30

De Fryske studinteferiening Bernlef yn Grins set him mei oare ferieningen yn om bewuster mei alkohol om te gean. Bernlef hat al in jier ûnderfining mei in kampanje om bewust mei alkohol om te gean. Twa ferieningen út Amsterdam (Lanx) en Grins (Dizkartes) jouwe tiisdei ek it startskot foar dizze kampanje.

Alkohol - Foto: Shutterstock.com

Robert de Boer fan de Fryske studinteferiening Bernlef yn Grins is bliid mei dizze kampanjes. "Bewustwurding is in goede saak. Der bart noch best faak in ynsidint yn in stêd of hoareka-ûndernimming. Mar bewustwurding en feiligens binne altyd in goede saak, want studinteferienings binne altyd wol ekstra yn de oandacht."

Neffens De Boer binne eksessen binnen de feriening seldsum. "Wy binne in lytse feriening en hâlde mekoar goed yn de gaten. As der al ien te folle drank op hat, dan wize we ien oan dy't derfoar soarget dat dyjinge goed thúskomt."

Kursus

Nei oanlieding fan de problemen by studinteferiening Vindicat yn de stêd Grins ha de studinteferieningen dit konvenant ôfsluten. Der stiet ûnder oare yn dat barpersoniel in kursus fan Ferslavingssoarch krijt.

Sy leare te werkennen wannear't ien te folle drank op hat en hoe't se der mei omgean moatte. "Do learst striidber te wurden en ferantwurd bar draaie te kinnen. En dan doare je ek yn te gripen."

Robert de Boer fan Bernlef oer de alkoholkampanje

(advertinsje)
(advertinsje)