Kearmuorren en seegemalen ticht fanwege hege wetterstân, Wetterskip is wach

11 feb 2020 - 12:45

Wetterskip Fryslân hat ferskate kearmuorren tichtset fanwege it hege wetter. Under oare de kearmuorre fan Harns en de kleppen fan de seegemalen binne ticht. De wetterstân op see is tiisdeitemoarn 2,70 meter boppe NAP. Yn de Fryske binnenwetters binne kearslûzen tichtset.

It Wetterskip hâldt de sitewaasje sawol op by de seediken, as yn de Fryske boezem goed yn de gaten. Fanwege de oanhâldende hurde wyn bliuwe de previntive maatregels fan krêft. Sa binne de slûzen by Goaiïngaryp en Broek sûnt sneontemiddei ticht. Ek wurdt besocht safolle mooglik wetter by de slûs fan Dokkumer Nije Silen ôf te fieren. De seegemalen by Roptasyl, Swarte Haan en Marrum binne tichtset.

Heech wetter yn de haven fan Harns - Foto: Omrop Fryslân, Simone Scheffer

De grutskalige tichsetting is dizze winter oant twa dagen lyn noch net earder foarkaam, seit Hans Boersma fan Wetterkip Fryslân. Mar it is no wol de twaddde kear yn twa dagen. It wetterskip makket him noch net drok om in wetterstân fan 2.70 meter. It is gjin reden foar opskaling, mar jo moatte wol wach wêze, seit Boersma. By in wetterstân fan 3 meter komt der pas dykwacht.

As it wer leech wetter is, ynspektearre it wetterskip de seediken op mooglike skea. De hege wetterstân fan moandei hat gjin skea oanrjochte, seit Boersma. Minsken kinne skea oan diken of gemalen melde by Wetterskip Fryslân.

Ferslachjouwer Willem Vermeltfoort seach yn Harns

(advertinsje)
(advertinsje)