Donearaksje ferdronken jonkje berikt doel, mar der is mear jild nedich

11 feb 2020 - 10:49

In donearaksje foar de begraffenis fan it ferdronken jonkje út Balk hat oant no ta mear as 20.000 euro opsmiten, mar der is neffens de inisjatyfnimmers noch folle mear jild nedich. It jild fan de donearaksje is bedoeld foar it werombringen fan it lichem fan de jonge nei Eritreä, sadat er dêr begroeven wurde kin.

Mei it bedrach dat no op de teller stiet, is it stelde doel fan de donearaksje berikt. Mar de inisjatyfnimmers binne der efterkaam, dat se eins it dûbele nedich ha fan de 15.000 euro dêr't se om fregen. Dit om't der noch in soad kosten fan it bedrach ôfgean, sa as belestingen en in persintaazje foar de crowdfundingswebside. De donearaksje duorret noch achttjin dagen.

De 11-jierrige Adonay rekke ôfrûne tongersdei by de swimles ûnder wetter yn swimbad Ny Sudersé. Hy waard reanimearre, mar ferstoar letter yn it sikehûs. It jonkje waard berne yn Eritreä en wie noch mar krekt yn Nederlân. Hy wenne sûnt in pear moannen yn Balk by syn mem, dy't as flechtling nei Nederlân kaam wie. Hy wie mei skoalle yn it swimbad en krige tongersdei syn earste swimles.

De mem fan Adonay hâldt de skoalle en it swimbad ferantwurdlik foar syn dea. Neffens har hat der te min each foar west dat de jonge net swimme koe en dat er noch amper Nederlânsk prate. De plysje ûndersiket noch altyd wat der krekt bard is.

Bylden fan de NOS:

Neffens boargemaster Fred Veenstra fan De Fryske Marren spilet de gemeente gjin rol yn it tafersjoch by it swimbad. Wol jout er oan dat der de kommende wiken yngeand ûndersyk dien wurde sil nei de tadracht fan it ynsidint. Veenstra seit dat hy de crowdfundingsaksje 'hartverwarmend' fynt. Fierder seit Veenstra wol bemiddelje te wollen tusken de skoalle en de mem fan de jonge. De mem wol op dit stuit net mei de skoalle prate.

Redakteur Marije Klijnstra praat ús by oer de donearaksje

(advertinsje)
(advertinsje)