Kleanwinkel Didi slút definityf de doarren

11 feb 2020 - 10:05

Kleanwinkel Didi slút definityf de doarren. De kurator fan de fallite kleanketen is der net yn slagge in partij te finen dy't noch takomst sjocht yn de saak, skriuwt de NOS.

Didi - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Didi hat yn Fryslân winkels yn Ljouwert, Snits, Drachten en It Hearrenfean. Takom wike gean de doarren definityf ticht. Troch de sluting fan de winkels krije yn hiel Nederlân fiifhûndert minsken dien.

De kurator hat mei ferskate partijen petearen hân, mar foar gjinien wie in eventuele oername nijsgjirrich. "Het zegt iets over de huidige tijd in retail", seit kurator Marc Le Belle.

Didi bestiet sûnt de jierren '80. De reden foar de ûndergong fan de keten wurdt foar in grut part tawiisd oan de opkomst fan online winkeljen.

De ôfrûne wiken wiene de winkels noch iepen foar de útferkeap. Dit is neffens de kurator goed ferrûn, wêrtroch't in soad skuldeaskers harren jild krije kinne.

Trefwurden: 
kleanwinkel fallisemint Didi
(advertinsje)
(advertinsje)