Kollum: "De oarloch fan Farmers Defence Force"

11 feb 2020 - 08:35

"Fjirtjin dagen lyn wie ik yn in kroech yn Snits. Yn ferbân mei in literêre jûn, mar ek om in pear bierkes te drinken. Nei't alle ferhalen ferteld wiene rekke ik oan 'e praat mei ien fan de besikers. In boer, sa die bliken. Hy buorke biologysk en sei dat er it goed hie. As tsjinwicht foar it hurde wurkjen gie er ien- of twaris yn 'e moanne allinne op stap. Om te ûntspannen, om oare minsken te treffen en om ris wat oar praat te hawwen. In nofteren, oprjocht minske mei each foar de nuânses fan it libben en de tûkelteammen dêrfan.

Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De Toan fan Willem Schoorstra

Hawar, de alkoholwazem fan dat wykein wie amper ferdampt of in oarsoartige boer klapte út 'e hoeke. Mark van den Oever, de foaroanman fan Farmers Defence Force, liet wer fan him hearre. Farmers Defence Force klinkt as in paramilitêre groepearring. De oarlochsretoryk dy't Van den Oever brûkt, fersterket dat byld. Hy neamt syn kollega-agrariërs 'bloedbroeders', hy ferliket de situaasje fan de boeren mei dy fan de Joaden en de Holocaust, hy stjoert driichbrieven nei oare lânbouorganisaasjes dy't mei it kabinet ûnderhannelje oer de stikstofútstjit.

Yn in ynterview mei it AD fertelt heit Van den Oever dat Mark wol mear as hûndert oarlochsboeken lêzen hat, oer hoe't de ûntwikkeling fan de nazys ûntstien is yn Dútslân. It falt net te ûntkennen dat de foaroanman dêr saken fan opstutsen hat. Ferbaal geweld, yntimidaasje, gûchelje mei feiten om dy as in alternative realiteit te presintearjen. Yn in oarloch, sels fiktyf, is wierheid it earste slachtoffer.

Ofrûne freed hie ik in optreden mei Jack Bottleneck yn Boer. Ja, je betinke it net. Nei ôfrin hie ik in praatsje mei ferskillende agrariërs, 'bloedbroeders en susters' neffens Van den Oever. Dy distansjearren harren lykwols fan it hâlden en dragen en de hannelswize fan de Farmers Defence Force. Krekt as in tal boeren by ús yn de omkriten en krekt as bargehâldster Annechien ten Have út Beerta. Sy naam op Twitter ôfstân fan de aksjegroep. Se heakke der wol oan ta dat it minne gedrach fan FDF fuortkaam út kleare wanhoop. Dêr soe ik noch frustraasje oan taheakje wolle.

Want njonken stikstof giet it bygelyks ek oer it feit dat in boer gjin goede priis mear foar syn produkt útûnderhannelje kin mei de supermerken. Dy boeren leverje mei de kniper op 'e noas in liter molke foar 17 sint of minder oan de supermerk, dy't dy liter dêrnei foar in euro yn de winkel set. Faak hawwe boeren om dochs mei te dwaan ynvestearre yn grutskalige produksje, mar kinne se dat jild troch it útknypbelied fan de supermerken net fan de opbringst werombetelje oan de bank.

Saken binne noait swart-wyt, wol ik mar sizze. It iennichste foardiel fan it radikalisme fan de FDF is dat de reedliken no automatysk as peteargenoat op de foargrûn komme. En dat Van den Oever miskien tiid kriget om ris in bierke te drinken mei de bioboer út Snits. Dêr soe er beslist net minder fan wurde."

(advertinsje)
(advertinsje)