Noed oer tagonklikens boerekuierpaden yn Noardeast-Fryslân

11 feb 2020 - 07:38

Tsientallen kilometers oan Fryske kuierpaden binne net mear tagonklik, seit Bindert Kloosterman fan kuierorganisaasje Wandelnet Friesland. It giet ûnder oare om in part fan it kuiernetwurk Waddenwandelen, yn it noardeasten fan de provinsje.

Foto: Wandelnet Friesland

In tal fan dy âlde tsjerkepaden en boerelânpaden leit op priveeterrein, en dat soarget foar problemen. Sa wurde bygelyks brechjes net mear ûnderholden en moat der tastimming fan boeren wêze om oer harren lân te kuierjen.

"Yn it ferline hiene we kontrakten mei dy boeren", fertelt Kloosterman. "Dan koest der oerhinne rinne en krigen de boeren in fergoeding. Der wie in fersekering regele foar de boeren as der skea ûntstie." Yn it noardeasten fan ús provinsje kaam der yn 2018 in ein oan dy regeling en der is noch gjin nije.

"Wetlik besjoen is der net ien ferantwurdlik foar", seit Kloosterman. De gemeente Noardeast-Fryslân fielt him net ferantwurdlik foar de paden en yn de Steaten is inkeld de ChristenUnie foarstanner fan in regeling foar boerekuierpaden.

Goed foar toerisme

Neffens Kloosterman soe in goed netwurk fan kuierpaden goed wêze foar it toerisme yn de provinsje. Toerisme Alliantie Friesland (TAF) sjocht der ek mooglikheden yn as it giet om it presintearjen fan kultuerhistoarysk erfgoed, lykas de grutte oantallen midsiuwske tsjerken dy't Fryslân hat. Wandelnet wol âlde kuierpaden brûke om it kultureel erfgoed mei-inoar te ferbinen.

Kloosterman is yn oerlis mei de provinsje, mar doart noch net te sizzen oft der in oplossing komt. "As we de fersekering earst mar wer klear ha, dan ha we dat gedonder yn elk gefal net mear."

Bindert Kloosterman fan kuierorganisaasje Wandelnet Friesland

(advertinsje)
(advertinsje)