"Akkoart oer Noardseefiskerij belangryk foar Fryske garnalefiskers"

11 feb 2020 - 07:10

It akkoart oer de Noardseefiskerij dat moandei berikt is, is ek foar de Fryske garnalefiskers fan grut belang. Dat seit foarsitter Barbara Holierhoek fan de fiskersferiening Hulp in Nood. De ryksoerheid, enerzjysektor, fiskerij, natuerorganisaasjes en de seehavens hawwe nei mear as in jier ûnderhanneljen in akkoart berikt oer it fiskjen op de Noardsee.

Garnalefisker op de Noardsee boppe de Waadeilannen - Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries

Yn it akkoart lûkt it kabinet 200 miljoen euro út foar weryndieling fan de Noardsee. Dat is nedich om't der de kommende jierren in soad wynmûneparken yn de drokke Noardsee boud wurde. Der stiet ek yn hoe't de fiskerij kompensearre wurde kin foar de wynmûneparken. Neffens Holierhoek hat it in dreech akkoart west. "Vissers hebben het gevoel dat ze aan alle kanten inleveren voor zowel de windparken als voor de natuur."

Foar de fiskerij is in bedrach fan 119 miljoen euro beskikber en dat is foar in part foar fiskers dy't ophâlde wolle. Mar ek fiskers dy't trochgeane, hawwe stipe nedich. Garnalefiskers komme yn de knipe troch romtegebrek, tinkt Holierbroek. "Op de markt vindt er een verdringing plaats en daarnaast komt er op de Noordzee veel minder plek voor alle visserij. Op de plekken waar op garnalen gevist wordt, komen we wellicht ook andere vissers tegen."

It berikte akkoart is noch net definityf. De ôfspraken dy't sletten binne, geane no nei de efterban fan de ferskate organisaasjes. Dy hat oant 31 maart de tiid om in miening deroer te jaan.

Foarsitter Barbara Holierhoek fan de fiskersferiening Hulp in Nood

(advertinsje)
(advertinsje)