"Cambuurgebiet moat eigen sfear hâlde, ek al ferdwynt it stadion"

10 feb 2020 - 22:35

Under it biedwurd 'Samen naar een nieuwe (Cam)buurt!' binne moandei trije wurkgroepen úteinset om plannen te meitsjen foar it hjoeddeiske Cambuurgebiet. De gemeente Ljouwert wol besykje mei boargerpartisipaasje in nije ûntwikkeling foar dit stikje stêd te krijen.

Foto: Omrop Fryslân, René Koster

Om't eltsenien meitinke kin is der yn desimber al begûn om fêst te stellen wat it 'dna' fan dizze wyk eins is. No sille trije groepen ûnder begelieding fan trije kreative buro's besykje ta konkrete ideeën te kommen. De eigeners, projektûntwikkelder Leyten (stadion) en de gemeente Ljouwert (plein en fjilden), wachtsje dit proses earst ôf.

Safolle minsken, safolle winsken

Dochs kin krekt dêr de spanning sitte. In kommersjele partij as Leyten sil finansjeel rendemint helje wolle, wylst oare partijen kieze wolle foar betelbere wenten, in soad grien en in feilich Cambuurplein. Wethâlder Hein de Haan sjocht dat dit in spannend proses is, mar dat alle groepen har yn dizze faze frij fiele moatte om plannen te ûntwikkeljen.

Wethâlder Hein de Haan

Yn de trije groepen wurdt ek meipraat troch buertbewenners, wykpanels, ûndernimmers, supporters, wenningkorporaasjes, studinten, Cambuur-Verbindt en netwurksintrum De Klomp. De groepen wurde begelaat troch de buro's Common Ground, Common Sense út Ljouwert, it Grinzer HKB en Daad út Beilen.

Yn maaie planpresintaasje

Op 7 maaie is der in presintaasje fan de plannen, wêrnei't de gemeente Ljouwert út de trije plannen eleminten kiest om dêr ien nij plan fan te meitsjen. De gemeenteried moat dêr dan lang om let in beslút oer nimme.

Emke Vogelzang fan de MI-side en omwenner Allard Nicolai

Foto: Omrop Fryslân, René Koster
(advertinsje)
(advertinsje)